Fremibu yn Kafee Wouters! Elk dy’t wat mei literatuer hat of docht is wolkom!
28 Febrewaris 2025 16.30-18.15 oere. Stationsweg 4, 8911 AG Ljouwert.… Lês fierder
Fremibu yn Kafee Wouters! Elk dy’t wat mei literatuer hat of docht is wolkom!
28 Febrewaris 2025 16.30-18.15 oere. Stationsweg 4, 8911 AG Ljouwert.… Lês fierder
De aanspreektitel Dichter des Vaderlands, die in 2000 voor de eerste keer werd toegekend aan Gerrit Komrij, bestaat niet meer. Voortaan wordt gesproken van Dichter der Nederlanden (en bijvoorbeeld ook van Denker der Nederlanden). Dat is bekendgemaakt door de kunstenaars die de titel dragen als nationale ambassadeur voor hun culturele vakgebied, meldt NRC.
De dragers vinden de naamswijziging nodig uit “een gedeeld ongemak over een term (vaderlands) die als gedateerd wordt ervaren”. Een “open en tijdloze titel” is meer van deze tijd, zeggen ze.
Lês fierder by de NOS… Lês fierder
Dichter Sytse Jansma (44) fan Harns is nominearre foar de Herman de Coninckprijs 2025 mei syn dichtbondel ‘Rozige Maanvissen’.
It boek ferskynde jannewaris foarich jier. ‘Rozige Maanvissen’ giet oer it ferlies fan in dierbere. Op 32-jierrige leeftiid ferstoar de freondinne fan Sytse Jansma oan in harsenblieding. De bondel is in fertelling fan syn rouproses.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
dit gedicht
(sis ik der fuortendaliks by)
wol net by amearika hearre
dit gedicht is
útsoarte autonoom
en lit him / har net platsmite
en betegelje
foar in fakânsjepark
Lês fierder by Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Yn de 100 dagen fan kultureel programma Arcadia (17 maaie oant en mei 24 augustus 2025) ferrast Ljouwert UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei Lyts gelok: literêre ljochtpuntsjes dy’t oeral yn Fryslân opdûke. Fan koarte teksten yn it wyld oant de ferskining fan komplete ferhalen. By in tal ferskiningsfoarmen hawwe wy dyn help nedich!
Sjoch foar mear ynformaasje by Ljouwert UNESCO City of Literature… Lês fierder
De Bildtse Skeurkalinder en ’t Franeker Diktee binne dut jaar nomineerd foor de Taalpriis Waadhoeke. De priis wort op frijdeg 21 febrewary útraikt op de jaarlikse Waadhoekster Taaldâg, dut keer in Molen de Korenaar in Sexbierum.
Lês fierder by Stichting Bildts Aigene… Lês fierder
BEWARRE EN REQUIEM TA TREAST
Op sneontemiddei 22 maart wurdt Willem Abma syn lêste dichtbondel Bewarre postúm presintearre. By dy gelegenheid sil Marcus Veenstra mei in gelegenheidskoar in part fan Requiem ta treast útfiere. De teksten skreaun troch Abma binne troch Veenstra op muzyk set.
Foarich jier simmer ferstoar skriuwer-dichter Willem Abma op twaëntachtichjierrige leeftyd. Abma publisearre by syn libben mear as tweintich dichtbondels, ferskate romans, koarte ferhalen en toanielteksten. Hy skreau ek geastlike lieten. Syn earste dichtbondels ferskynden ûnder it pseudonym Daniël Daen. Foar de earste trije krige er yn 1973 de Gysbert Japicxpriis. Abma wie ek belutsen by Operaesje Fers, dat yn 1968 oprjochte waard, en hy siet jierrenlang yn de redaksje fan it literêr tydskrift Trotwaer.… Lês fierder