Teleks Hoogleraren Fries: het rijk moet verantwoordelijkheid nemen voor het Fries

logo.ensafh

Het wordt tijd dat het Fries standaard wordt meegenomen in de beleidsvorming bij het ministerie van Onderwijs. Vier hoogleraren Fries pleiten daarvoor.

De tweede rijkstaal, het Fries, ontbreekt geheel in het rapport dat de KNAW (Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen) uitbracht over de toestand van de Neerlandistiek aan de Nederlandse Universiteiten. Er zijn schaalverschillen maar de overwegingen in het rapport zijn ook rechtstreeks van toepassing op het Fries, schrijven de vier hoogleraren Fries aan de minister van Onderwijs.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Aginda 13-02-20: Lêsber Fryslân on tour yn Warkum

logo.ensafh

De meast ferkochte Fryske skriuwer Hylke Speerstra komt in jûn yn de biblioteek fan Warkum. Hy sil prate (en miskien wol foardrage) út syn wurk mei bekende titels as It wrede paradys en De oerpolder.

Ek Bert Looper, direkteur fan Tresoar, komt dizze jûn op de tekst. Hy sil fertelle oer de lêsten ferskynde literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân en giet dêrby yn op skriuwers út de regio.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Rely-priisfraach 2020 iepensteld

logo.ensafh

Rely-priisfraach 2020 iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2020 is iepensteld. It is de 66ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. Oant en mei snein10 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2020 bestiet út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Teleks: Nasjonale Foarlêsdagen by Audiofrysk

logo.ensafh

Nasjonale Foarlêsdagen by Audiofrysk

Fan 25 jan. oant 2 feb. binne twa searjes berneboeken fergees del te heljen en te belústerjen by Audiofrysk. Sa hawwe ek wat âldere bern moaie ferhalen dy’t foarlêzen wurde. Alle acht harkboeken út de Mentha Minnema-rige en de seis Traveliers-boeken kinne foar nul sinten ophelle wurde by Luisterrijk.
De nuverste aventoeren oplosse mei Mentha Minnema, óf op reis mei de famylje Travelier nei lannen dêr’t se ek spannende aventoeren belibje? It kin no. Fergees!
Sjoch foar mear ynformaasje op audiofrysk.nl.… Lês fierder

Teleks: Bernard Smilde Priis 2020

logo.ensafh

De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2020. Mei dy priis wol Krúspunt stimulearje dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettingen fan lietteksten út in oare taal wei.

Ferline jier wie de priis foar Cees Glashouwer út Harns, mei in Hylper oersetting fan ’e Lofsang fan Marije. Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘frede’. De uterste ynstjoerdatum is 14 maart 2020; de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 18 april 2020.… Lês fierder