Lilke mûne
De wynmûne yn ‘e fierte liket te bewegen:
it triljen fan jo wurge âlde eagen, of
komt er tichterby? Faaks is it in grimmitige
swarte wolk dy’t it wanskepsel omtriuwe wol.
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Lilke mûne
De wynmûne yn ‘e fierte liket te bewegen:
it triljen fan jo wurge âlde eagen, of
komt er tichterby? Faaks is it in grimmitige
swarte wolk dy’t it wanskepsel omtriuwe wol.
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Der komt ynkoarten in stifting foar it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer yn Noard-Fryslân. Dat hat it parlemint fan de Noard-Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, dêr’t Noard-Fryslân diel fan útmakket, woansdei besletten.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Kursus Proaza skriuwen foar bern
Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek?
Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten?
Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding?
Hoe witst oft it geskikt is foar bern?
Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht?
Wat wurket foar dy en wat perfoarst net?
Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by?
Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy.
In leechdrompelige kursus fan fjouwer jûnen om te ûntdekken wêr’tst goed yn bist, wat better kin en wat dyn mooglikheden binne.… Lês fierder
Henk Wolf: Ik ha de tekst fan myn ferhalebondel Wûnderaardichheden út 2006 as pdf-bestân op dizze website set. It boek is al jierren net mear te keap. Spitigernôch koe ik gjin ferzje mear fine mei de tekeningen fan Mudhoen deryn.
Lês fierder by Henk Wolf… Lês fierder
Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle.… Lês fierder
Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne desimber by RIXT
generaasjekleau
ús heit wie in âlderwetske boer,
hy gong moarns om healwei fjouweren
oant wurk
en ferwachte fan my itselde
mar ik wie in heale ieu jonger
en gong jûns let op bêd,
nei’t ik sjoen hie nei
Veronica en de VPRO,
dêrom kaam ik moarns letter fan ’t bêd ôf
…
Lês fierder by RIXT
Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze tolfde Boekekast it ferhaal ‘De kleur fan Drinte’ fan Anne Feddema. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anne Feddema sels.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder