Teleks: Bûsboekje-poëzykriich wûn troch Johannes Dijkman út Burgum

logo.ensafh

De poëzykriich fan it Bûsboekje is wûn troch Johannes Dijkman út Burgum foar syn gedicht ‘Longerje’. De oanmoedigingspriis gie nei Nynke Terpstra (18), ek út Burgum, foar har gedicht ‘Wjerljocht’. De prizen waarden útrikt troch kultuerdeputearre fan Fryslân Sietske Poepjes op in gearkomste tiisdei yn kafee Luwt yn Ljouwert.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Priisfraach 75 jier frijheid

logo.ensafh

Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. 75 Jier libje wy no yn frijheid. Wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús?

Tresoar ropt skriuwers en dichters op om oer it tema ’75 jier frijheid’ ferhalen en gedichten te meitsjen. Wa docht mei?

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Fryske anjer foar Jant van der Weg

logo.ensafh

Jant van der Weg kriget tiisdei de Fryske anjer, de jierlikse kultuerpriis fan it Prins Bernhardfûns. Hja kriget de priis foar har krewearjen foar de Fryske berneliteratuer.

Frou Van der Weg hat in soad dien om Fryske berneboeken om utens bekend te meitsjen. Dat die hja ûnder oaren fia de organisaasje International Board on Books for Young People. Hja hat foar it Frysk Deiblêd jierrenlang resinsjes fan berneliteratuer skreaun. Fierders hat hja ferskate Nederlânske en Ingelske berneboeken yn it Frysk oerset en in biografy skreaun fan Diet Huber.

Boarne: It NijsLês fierder

Teleks: Anne Wadman 100 jier lyn berne

logo.ensafh

Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn ’e flesse (1988).

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Gelegenheidsbondel fyftich jier Skriuwersboun

logo.ensafh

Yn de bondel Nearnewâld stean 44 ferhalen en fersen, dy’t ynspirearre binne op in tekening fan Laurens Bontes. It boek is útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Skriuwersboun.

Oer it boek:
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op ’e wrâld.

Omdat It Skriuwersboun fyftich jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 03-12-19: Priisútrikking poëzykriich Frysk Bûsboekje

logo.ensafh

De karkommisje is derút! Op de oprop om gedichten yn te stjoeren hat it Bûsboekje sechstjin ynstjoeringen krigen fan yn totaal tsien dichters. In moaie rispinge!

De Bûsboekjeredaksje nûget elkenien graach út om oanwêzich te wêzen by it bekendmeitsjen en de priisútrikking op tiisdei 3 desimber yn kafee Luwt yn Ljouwert. De priis en de oanmoedigingspriis sille útrikt wurde troch de kultuerdeputearre fan de provinsje Fryslân Sietske Poepjes.

Sjoch foar mear ynfo by It NijsLês fierder