Teleks: Stjoer in fers op oer it tema ‘Taal’

logo.ensafh

Frysk en Frij sil yn 2025 in sammeldichtbondel útjaan mei lyryk oer it tema Taal.
Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne en gjin oersettingen fan oaren.
De ynlieding wurdt fersoarge troch Tsead Bruinja, dy’t it earste eksimplaar yn hannen stelle sil fan Arno A.M. Brok, Kommissaris fan ’e Koaning yn Fryslân.

Dat tema Taal is nochal breed – gelukkich. Sa kinne je út ’e romte tarre.
Foar guon dy’t ferlet ha fan ôfbeakening fan dat universum hjir wat suggestjes, in hap en in snap:
Memmetaal, Oarlochstaal, Minnetaal, Minne taal, Fertutearze taal, Broddeltaal, Brabbeltaal, Diskriminearende taal, Machtstaal, Wurdboektaal, Sprektaal, Taalkramtried, of noch slimmer: Stikeltriedtaal, Minderheidstaal, Bernetaal, Tongetaal, Sjongtaal, Geheimtaal, Lichemstaal, Freugdetaal, Foarâldertaal, Hillige Taal – Fredetaal.… Lês fierder

Teleks: Anne-Goaitske Breteler skriuwt Frysk Kadoboek 2025

logo.ensafh

Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996) opgroeid oan de foet fan ’e seedyk yn de noardeasthoeke fan Fryslân, is antropolooch, auteur en tentoanstelling- en podcastmakker. Yn 2018 ferskynde har non-fiksje debút De traanjagers en yn 2020 har Fryske berneboek In nuvere nacht. Yn 2024 kaam har twadde non-fiksje boek út: De laatste dagen van de dorpsgek.

Anne-Goaitske Breteler: “Ik fyn it fantastysk en in hiele eare dat ik it Kadoboek 2025 skriuwe mei. It wurdt in non-fiksje boek oer de broers en susters Zwart (fjouwer yn totaal), dy’t harren hiele libben op in pleats yn Moddergat wenne ha. De lêste Zwart is fiif jier lyn stoarn en sûnt dy tiid wurdt de pleats net mear bewenne en fertutearzet de boel.… Lês fierder

Teleks: Rely Jorritsmapriisfraach 2025 iepensteld

logo.ensafh

Rely Jorritsmapriisfraach 2025 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 71ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery bestiet út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Aginda 06-03-2025: Lettertreffen

logo.ensafh

Op tongersdei 6 maart 2025 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de tredde edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân.

We prate dy middei skriuwers, útjouwerijen, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd. En fansels is der tiid om inoar te moetsjen en mei-inoar te praten.

Tongersdei 6 maart
14:30 (ynrin), 15:00 (start) – 17:30 oere
dbieb Ljouwert, seal De Kapel, Blokhuisplein 40

Sjoch foar it programma en oanmelding by Ljouwert UNESCO City of LiteratureLês fierder

Teleks: Oandacht foar de poëzijwike op Omrop Fryslân

logo.ensafh

Op & Ut troch presintaasjeduo Roelof Lousma en Miranda Werkman 25-01-2025 Omrop Fryslân. Gasten – ûnderwerpen:

Arjan Hut – dichter fan Fryslân oer de Fryske poëzywyke 2025 en de poëzywrald
Gabriëlle Terpstra – Ensafh oer ‘Grutte Gedichtejûn’
Doete Stenekes – De finale fan FeRstifal 2025
Christa Niklewicz – Rixt Dichterskollectief oer ‘Taal fan Wetter’. It program op 2 feburaris yn it tsjerke fan Sânfurd foar it omtinken oan de wettersneedramp 200 iir lien op 2 februaris 1825.

Op & Ut is ít útgeans- en kultuerprogramma fan Fryslân. Foar elts dy’t nijsgjirrich is wat der allegear te dwaan is.

SJoch en harkje op youtube https://www.youtube.com/watch?v=qaEPqzsXoG4Lês fierder

Aginda 09-02-2025: Publykslêzing Abe de Vries oer Waling Dykstra

logo.ensafh

Sneintemoarn 9 febrewaris is der in publykslêzing fan it Skriuwersbûn en sil Abe de Vries fertelle oer Waling Dykstra.

Op sneon 8 en snein 9 febrewaris hâldt it Skriuwersbûn in noflik wykein foar leden. Nei in aktive workshop oer toanielskriuwen op sneon, is der op de sneintemoarn in lêzing dy’t ek tagonklik is foar it publyk. Abe de Vries (skriuwer, dichter, oersetter, essayist, journalist en mear) sil leafhawwers fan de Fryske literatuer fertelle oer syn biografy oer Waling Dykstra (1821-1914), samler en skriuwer fan folksferhalen en ek einredakteur fan it Frysk wurdboek. Wat makket Waling Dykstra sa spesjaal en nijsgjirrich en hoe wurket dat: in biografy skriuwe?… Lês fierder