Teleks: ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma’s tenei online op Project Gutenberg

logo.ensafh

In wichtich Frysk boek, Rimen en Teltsjes (oarspronklik fan 1871), is tenei online te lêzen. De publikaasje mei Fryske gedichten, ferskes en folksferhalen is digitaal opnommen op de webside fan Project Gutenberg. Dat projekt is begjin jierren 70 opset troch Michael Hart en hat ta doel safolle mooglik literatuer fergees tagonklik te meitsjen.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Kies de nije Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Op 21-11-19 wurdt de nije Dichter fan Fryslân bekend makke, hy/sy wurdt keazen troch in sjuery, sjoch hjir.

Ensafh hat in poll online setten, sadat jo gebrûk meitsje kinne fan jo demokratysk rjocht, wat dizze wichtige ferkiezing oanbelanget. De poll stiet rjochts ûnderoan op ‘e side.

Stiet jo favorite dichter net op ‘e list? Oare kear better.

Ut namme fan de redaksje: Cornelis van der Wal… Lês fierder

Teleks: Gerrit de Vries skreau ek protestgedicht n.o.f. de skriuwoprop fan de Moanne

logo.ensafh

Op 9 oktober die tydskrift De Moanne dizze skriuwoprop:

Skriuwoprop: Wat wit ik fan dizze wrâld?

De oprop freget fan skriuwers in tal nuvere aksjes en stelt frjemde fragen:

‘It wurdt tiid dat skriuwers yn Fryslân harren potlead de grûn yn stekke om te fernimmen wêr’t al dy trillingen dy’t ús demokratyske tradysje oan it wankeljen bringe, wei komme.’
(Ja, ’k wit net, Grinslân?)

Gerrit de Vries skreau nei oanlieding fan dat fragefjoer it neikommende fers.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder