Nijs
Aginda 16-04-2025: Unthulling 5 literêre banken
Graag nodigen wij u uit om aanwezig te zijn bij de onthulling van maar liefst vijf literaire banken, die Leeuwarden UNESCO City of Literature heeft gerealiseerd in opdracht van de provincie Fryslân en in samenwerking met vijf Friese gemeenten. Bij de banken komen literatuur en beeldende kunst samen op een manier die past bij de plek. Met de banken worden inwoners en bezoekers op een laagdrempelige manier verrast met poëzie.
Op woensdag 16 april vindt na elkaar op elke locatie een kort feestelijk moment plaats. In Dokkum, de startplek, trapt gedeputeerde Eke Folkerts de tour af. Bij elke bank is de betrokken dichter/schrijver aanwezig, evenals de verantwoordelijke wethouder, de producent van de bank en een select groepje andere betrokkenen.… Lês fierder
Teleks: Twadde moannegedicht fan Simon Oosting op RIXT
Simon Oosting is RIXT-moannedichter fan maart 2025.
Syn twadde moannegedicht is Op ‘e grins.
Op ’e grins
i) (oer Sina)
wat de âlde dichter sei
griis en brún it lân en
grêven lâns de diken
en oeral in oertal
fan minsken
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Teleks: De Simke Kloostermanpriis 2025 is foar ‘Jelle en juf’ fan Mirjam van Houten
De Simke Kloostermanpriis 2025, de priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei Jelle en juf. It boek is skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten.
Jelle en juf is it tredde berneboek fan Mirjam van Houten. Neffens de sjuery binne de fiifentweintich ferhalen yn it boek in feest foar sawol bern as de foarlêzers. Wat opfalt is har unike gefoel foar humor, en de sprankeljende fantasij dy’t sawol bern oansprekt, mar ek folwoeksenen laitsje lit.
Lês fierder by Frisistyk… Lês fierder
Aginda 24–04-2025 en 22-05-2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers.
Op 24 april stiet it wurk fan Hylkje Goïnga en Trinus Riemersma sintraal
Hylkje Goïnga koe as gjin oar de finger op it seare plak lizze mei de tragykomyske foarfallen fan haadpersoan Martha. Douwe Kootstra wurke jierren mei de skriuwster gear en kin smaaklik fertelle oer wat er mei har meimakke.… Lês fierder
Teleks: Oprop om Fryske boeken foar learlingen
OPROP OM FRYSKE BOEKEN FOAR LEARLINGEN
Yn de boppebou fan havo en vwo fan Piter Jelles sille wy de kommende tiid mei de learlingen boeken oer de TwaddeWrâldoarloch lêze en beprate. In protte Fryske boeken binnenet mear te krijen, en seker net op papier. Dêrom dogge wy in oprop.
Wy sykje om boeken op papier. Digitale boeken foar de jongerein binne der wol. Wy wolle se graach de gelegenheid om boeken op papier te lêzen. It tema fan de boeken is deTwadde Wrâldoarloch.
Alle boeken oer dat tema binne mear as wolkom.Wy hoopje dat minsken ús helpe kinne mei boeken dy’t ergens yn de kast steane, op souder lizze en net mear lêzen wurde.Foar… Lês fierder
Teleks: Huub Mous wint Van Helsdingenpriisfraach 2024
Psychiater René van Helsdingen (1915-2013) rjochte yn 1988 de Stichting Psychiatrie en Filosofie op. It doel fan de stichting is om ûndersyk op it grinsgebiet fan psychiatry en filosofy te befoarderjen, troch it organisearjen fan lêzings en sympoasia op dit mêd. Dêrneist rikt de stichting de Van Helsdingenpriis út foar it yntellektueel meast stimulearjende wurk op dit grinsgebiet. It kin om in boek, artikel of manuskript op it reitsflak fan psychiatry en filosofy gean. Huub Mous en Rob Stips hawwe de Van Helsdingenpriisfraach 2024 wûn, sa makke de Stichting dizze wike bekend:
Lês fierder by de Moanne… Lês fierder
…