Proazagedichtejûn
De Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ferbliuwt fan ’t hjerst seis wiken yn Grins om nij wurk te skriuwen en oer te setten. Dichterskollektyf RIXT fûn dat in moaie gelegenheid om him út te nûgjen foar in Proazagedichtejûn op 24 oktober 2019 om 20:00 oere yn De Basuin te Ljouwert, tegearre mei Nyk de Vries
Nielsen is gjin ûnbekende yn Ljouwert, mei’t er yn it Kulturele Haadstêdjier yn it Talepaviljoen MeM optreden hat. De Deenske dichter debutearre yn 1989 en hat wilens tsien gedichtebondels op syn namme stean. Hy is oersetten yn it Ingelsk, Italiaansk, Dútsk, Nederlânsk en Frysk.
Nyk de Vries hat twa proazagedichtebondels publisearre en is fierders bekend fan syn foarstellings en muzyk.… Lês fierder