Woansdeitejûn 18 septimber treedt der wer in Frysk dichter op by IepenUp Live. Dizze kear is dat Anne Feddema, moannedichter by RIXT yn septimber. Tema fan de jûn is: Wat docht Tinder mei dyn brein?
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
Woansdeitejûn 18 septimber treedt der wer in Frysk dichter op by IepenUp Live. Dizze kear is dat Anne Feddema, moannedichter by RIXT yn septimber. Tema fan de jûn is: Wat docht Tinder mei dyn brein?
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.
Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!
De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.
Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…
Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.
Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder
Utjouwerij Perio presintearret de twatalige útjefte fan it gedicht Nachtspraak
fan Eeltsje Hettinga.
Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga reflektearret yn syn poëzy gauris op aktueel maatskiplike ûnderwerpen. Ek út syn wurk as Dichter fan Fryslân (2018-2019) sprekt dat engaazjemint. Yn Nachtspraak, in lang gedicht oer de fûnling Kaspar Hauser, leit Hettinga ûnder mear in ferbân mei de hjoeddeiske flechtling.
Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei syn gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.
Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht Nachtspraak presintearje.… Lês fierder
Yn de hjerst fan 2019 organisearret Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater in kursus, dêr’tst alles learst oer foardrachtskeunst, presintaasje en performance. It giet benammen oer de foardracht fan ferhalen: de ferskate wizen fan stimgebrûk en it ynsetten fan stilte. In goede foardrachtskeunstner brûkt teatertechniken en fertelstilen om de tekst oer te bringen.
Nei trije jûnen meie de kursisten ek echt har keunsten sjen litte oan it publyk. Op freed 15 novimber is nammentlik in provinsjale ferhalejûn. Oeral yn Fryslân wurde yn in soartemint fan Winterjûnenocht ferhalen ferteld op plakken lykas hûskeamers, musea, kafees en oerheidsgebouwen. De kursisten meie har ferhalen 15 novimber hearre litte yn OBE, dêr’t op dat stuit de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ is.… Lês fierder
De Fryske Akademy driget troch in krityske ûndergrins te sakjen. Dat wie freed it sombere boadskip fan direkteur Willem Smink op de 81e Akademydei yn Ljouwert. By de Akademy wurkje noch mar sa’n 20 wittenskippers en der is in fakatuerestop fanwege jildkrapte.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
In nij boek en in nije foarstelling fan Bennie Huisman
Earne yn Fryslân, midden yn it wetterlân súdwestlik fan Snits, leit Sânfurd. In moaie tsjerke, in pear pleatsen, in hânfol huzen. Sânfurd hat Benny Huisman tweintich jier lyn ynspirearre ta in lietsje en in novelle.
Dy novelle is no útgroeid ta de roman ‘Sanfirdo’.
De novelle spile him ôf yn in wike tiids. De roman lykwols folget deselde haadpersoanen oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld, yn it sykjen nei in ’thús’. Tema’s dy’t in soad minsken dwaande hâlde en dy’t altyd wer fragen oproppe, dêr’t wy antwurden foar sykje.… Lês fierder
Cambuur thús
Dizze jûn freed
Stiet de wyn
Diskant op
Yn it stadion
Giet it need
Lês fierder by RIXT… Lês fierder