Aginda 06-09-19: Lêzing: ‘In hite simmerdei. It byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest’

logo.ensafh

Op freed 6 septimber jout Doeke Sijens in lêzing oer it byldzjend wurk fan skriuwer en keunstskilder Reinder van der Leest. Reinder R. van der Leest (Drachten, 1933) krige yn 1981 de Gysbert Japicxpriis en yn 1983 de Simke Kloostermanpriis. Yn 1994 studearre er ôf oan de keunstakademy AKI yn Enschede. Van der Leest syn skildersoeuvre beslacht mear as 25 jier. Doeke Sijens (Hantum 1955) publisearret oer literatuer en keunst. Syn lêste boek giet oer de skilder Jaap Min (2019). Yn dizze lêzing beljochtet er Reinder R. van der Leest syn byldzjend wurk. De lêzing is ûnderdiel fan de tentoanstelling ‘Reizen om utens‘ oer Reinder van der Leest, dy’t fan 30 augustus o/m 27 oktober te sjen is yn de eksposysjeromte fan Tresoar.… Lês fierder

Teleks: Romans Vestdijk op DBNL

logo.ensafh

Op 17 oktober 2019 komen twaalf romans van de schrijver-arts Simon Vestdijk online beschikbaar in de DBNL. Hiermee worden deze titels, die al sinds 2010 niet meer in de boekhandel verkrijgbaar zijn, toegankelijk voor onderwijs en onderzoek. Het gaat onder meer om de historische romans Aktaion onder de sterren (1941) en Het proces van Meester Eckhart (1969).

Lês fierder by de DBNLLês fierder

Teleks: 45e Frysk Bûsboekje presintearrre by klokmakker

logo.ensafh

It Fryske Bûsboekje bestiet 45 jier en wol yn it jubileumjier wat aparts dwaan. It bûsboekje hat alle jierren in tema en foar takom jier is dat ’tiid’. De presintaasje fan it bûsboekje 2020 wie moandei by klokmakker Tjitte Talsma yn Aldtsjerk dy’t ek oer syn fak fertelde. De betinker fan it bûsboekje, Durk van der Schaaf, krige it earste eksimplaar.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 12-09-19: Sympoasium Geert Aeilco Wumkes

logo.ensafh

Utnûging sympoasium Geert Aeilco Wumkes

Graach noeget Tresoar jo út foar in sympoasium ta eare fan Geert Aeilco Wumkes (4 septimber 1869 – 7 maaie 1954). Wy steane stil by de 150e bertedei en de 65e stjerdei fan in man dy’t yn de earste helte fan de 20e iuw ien fan de dragers wie fan Fryske taal en kultuer. In fassinearjend man dy’t allegearre funksjes en aktiviteiten op syn namme skreau en ek no noch in boarne fan ynspiraasje foar ús is. Fan 1924-1949 wie er bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, ien fan de foargongers fan Tresoar.

Yn trije lêzingen geane de folgjende sprekkers yn op dizze alsidige bodder:

Jelle Krol, ‘Wat beweegde Wumkes: Tusken Friezendom en Kristendom’
Bert Looper, ‘Hie Wumkes hier?… Lês fierder