Aginda 27-03-2025: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op dizze lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

Teleks: Dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Alle bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025!

Skriuwst ek mei? Elkenien kin in Frysk gedicht skriuwe!

Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber.

Leaver in workshop (fergees) Frysk dichtsjen op skoalle? Ek dat kin! Edukaasjemeiwurkers komme yn april of maaie graach by dy op skoalle del!

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

23-03-2025: Presintaasje ‘Leafde yn oarlochstiid’ fan Willem Verf

logo.ensafh

Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn ’e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, dy’t neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling?
Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop’t hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is – in útdaging foar de lêzer.… Lês fierder

Teleks: Trije nominaasjes foar Simke Kloostermanpriis 2025

logo.ensafh
De nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis 2025, foar it bêste Frysktalige berneboek fan de ôfrûne trije jier,  
binne bekend.
De nominearre boeken binne:
-De Freon – I.E. Bloem (2023) is de tredde young adult roman fan de skriuwer, dy’t yn 2022 de Simke Kloostermanpriis fertsjinne foar It neidiel fan de twivel. It spannende boek De Freon giet oer in geheim boskfeest yn coronatiid, wylst der yn de buert in oanrander omrint.
-Jelle en juf – Mirjam van Houten (2022) is it tredde berneboek fan de skriuwster en yllustratrise. Foar By Beppe útfanhûs wûn se yn 2022 de Diet Huberpriis. Jelle en Juf bestiet út 25 fantasyrike ferhalen oer absurde situaasjes dy’t Jelle mei syn juf belibbet.
Lês fierder

Teleks: “As der gjin Fryske boeken mear binne, wurdt it Frysk allinnich noch in sprektaal”

logo.ensafh

De 90e edysje fan de lanlike Nationale Boekenweek set hjoed útein, mei as tema: ‘Je moerstaal’. As wurden fertroud fiele en personaazjes prate sa as do, dan is dy taal dyn moerstaal.
Foar in soad minsken yn ‘e provinsje is dat it Frysk. Dêrom is it sa wichtich dat der yn ús memmetaal lêzen wurde kin.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder