Aginda 30-08-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Ludike maispoppen yn De Tike litte gedichten sjen oan Smellingerlân

logo.ensafh

Yn in maisfjild yn De Tike binne fan tongersdei ôf njoggen manshege poppen te sjen, dy’t allegear in grutte maiskolf beethâlde. Op sa’n maiskolf stiet in gedicht. It giet om in projekt fan de eardere gemeentedichter fan Smellingerlân, Andries de Jong. It wurdt mooglik makke mei stipe fan de gemeente en in tal ûndernimmers. It is de bedoeling dat it projekt alle jierren weromkomt en it moat derfoar soargje dat poëzy wer mear begjint te libjen yn de gemeente.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Earste moannegedicht fan Sytse Jansma op RIXT ‘Hiroshima’

logo.ensafh

Hjoed, 6 augustus, is der yn Hiroshima de betinking fan de atoombomramp yn 1945. De uraniumbom ‘Little boy’ waard op 9500 meter hichte boppe de stêd los litten. Tidens de oanfal hie de stêd sa’n 255.000 ynwenners. Doe’t de ‘a-bomb’ om 8.15 oere ekspodearre, kamen frijwol drekst 78.000 minsken om it libben as gefolch fan de ûntstiene druk en de yntinse waarmte dy’t frijkaam. It totaal oantal deaden rûn úteinlik nei de 140.000 ein 1945. Noch hieltyd binne der hibakusha’s (en bern dêr fan ) dy’t lêst hawwe fan de gefolgen fan dizze ramp.

Lês fierder by RIXTLês fierder