D.A. Tammingapriis útrikt op 21 juny 2019

logo.ensafh

Op freed 21 juny 2019 waard yn Tresoar de D.A. Tammingapriis foar it bêste Fryske proazadebút yn de ôfrûne fiif jier útrikt oan Baukje Zijlstra.

‘Hee heit, bist no net grutsk op my? Ik haw nee sein, krekt as do. Ik haw de kop yn ’e wyn smiten […]. En sjoch wat der fan my wurde sil: in fûgelfrije korrektor, in freelance loser, in selsstannige sûnder pensioen, dat is wat der fan my wurde sil heit, bist no net tige, tige grutsk op my?

Lês fierder by Baukje ZijlstraLês fierder

Teleks: Rienk Vlieger wint ferhalewedstryd

logo.ensafh

Parseberjocht:

Rienk Vlieger fan Eastermar hat de ferhalewedstryd fan BoekSimmerBoek wûn. Dat is freed 21 juny bekend wurden op it drok besochte feest fan BSB yn kafee Marktzicht yn Drachten.
De sjuery wie unanym yn de kar. ‘It ferhaal Nachtljocht is mei soarch skreaun, kloppet fan begjin oan ein en hâld de lêzer en harker beet’.
It tema fan de wedstryd wie Sinnekear en it ferhaal mocht op syn meast 600 wurden ha.
Vlieger krige út namme fan Boeken fan Fryslân in boekepakket, mei dêryn de fiif nominearre boeken fan de Gysbert Japicxpriis en de winner fan de D.A. Tammingapriis. Ek mocht er syn ferhaal foardrage.… Lês fierder

Teleks: Nederlânsk-Yndië yn de Fryske literatuer

logo.ensafh

Op 21 juny hat Baukje Zijlstra de D.A. Tammingapriis krigen foar har debútroman De koma-korrektor. Yn de roman komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’ In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net, mar der komt resint wol mear omtinken foar it Yndië-ferline. Mar wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Yndië en hokker literêre wjerslach hat Yndië hân op de Friezen?… Lês fierder