Martsje de Jong wie freedtejûn, 31 maaie, by de Poëzynacht fan Jan Ritskes yn Twizel. Nei ôfrin skreau se in fers as ympresje. Dêrmei debutearret se as dichter.er
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
Martsje de Jong wie freedtejûn, 31 maaie, by de Poëzynacht fan Jan Ritskes yn Twizel. Nei ôfrin skreau se in fers as ympresje. Dêrmei debutearret se as dichter.er
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
It is dizze wike Fryske Foarlêswike foar bern. De Leeuwarder Courant grypt dat oan om fan moandei oant en mei freed in ferslachjouwer in Frysk berneferhaaltsje foarlêze te litten.
De Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, dat de Fryske taal en kultuer stipet. De Foarlêswike moat it foarlêzen oan jonge bern in stimulâns jaan.
Ferslachjouwer Rixt Oenema lêst foar út Broek mei Busen en Lytse Protter.
Lês en harkje fierder by de Ljouwerter Krante… Lês fierder
Tresoar hat 52 fotoportretten fan Fryske skriuwers en oaren út de Fryske literatuer publisearre. De foto’s binne begjin fan dit jier makke troch Haye Bijlstra en foarmje in oanfolling op de Frysk literêre byldkolleksje fan Tresoar. Under oaren Janny van der Molen, Jan Minno Rozendal, Janneke de Boer en Skelte Braaksma binne foar it earst portrettearre. It doel is om faker sa’n searje portretfoto’s te meitsjen. De portretfoto’s binne te sjen op de literatuerside Sirkwy.frl.
Lês en sjoch fierder by Sirkwy… Lês fierder
Fiif Fryske skriuwers binne nominearre foar de Gysbert Japicxpriis. De meast wichtige literêre priis fan Fryslân. Fan ’t jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza.
De Gysbert Japicxpriis wurdt op 16 novimber 2019 yn Boalsert útrikt.
De nominearren binne (yn alfabetyske folchoarder):
Skriuwer: Hein Jaap Hilarides
Titel: De trekker fan Troje
Utjouwer: Bornmeer
Skriuwster: Aggie van der Meer
Titel: De Achttjin
Utjouwer: Afûk
Skriuwster: Elske Schotanus
Titel: Wurk
Utjouwer: Afûk
Skriuwer: Nyk de Vries
Titel: Renger
Utjouwer: Afûk
Skriuwer: Ale S. van Zandbergen
Titel: Famke famke
Utjouwer: Het Nieuwe Kanaal
Sjuery
De nominearren binne selektearre troch in ûnôfhinklike sjuery.… Lês fierder
Bêste lêzer,
yn Juny, July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde. It earstfolgjende reguliere artikel ferskynt op 05-06-19.
De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.
Redaksje ensafh… Lês fierder
Skriuwster Baukje Zijlstra fan Frjentsjer krijt de D.A. Tammingapriis foar har romandebút De Koma-Korrektor. Se ûntfangt de priis, in jildbedrach fan 3.000 euro en in oarkonde, op 21 juny yn Tresoar yn Ljouwert.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Skriuwster Berber van der Geest is ôfrûne tiisdei yn ‘e âldens fan 81 jier ferstoarn yn Ljouwert. Van der Geest skreau ûnder mear berneboeken en wûn ferskate prizen, wêrûnder de Rely Jorritsmapriis en de Simke Kloostermanpriis. Njonken it skriuwen, it dichtsjen en it skilderjen stie Van der Geest ek jierren foar de klasse.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder