Aginda 24-05-19: Obe Postma-middei

logo.ensafh

‘Op vrijdag 24 mei vindt er een Obe Postma-middag plaats in Tresoar. Piet Gerbrandy geeft een lezing “De wyn fan Fryslân” met de intrigerende ondertitel: Over het houden van een lezing voor het Obe Postma Selskip (14.00 (inloop 13.30)). Daarnaast zullen vijf leden van het Selskip Willem van Dijk, Klaas van der Hoek, Johannes Kramer, Teake Oppewal en Pieter Tuinman een bijdrage over gedichten van Obe Postma leveren. Zie ook bijgevoegde poster.

Voor leden (met introducé) is de bijeenkomst gratis, voor niet-leden is het 5 euro.’

Lês fierder

Teleks: Audioboeken hieltyd populêrder, Jan Schotanus jout Fryske harkboeken út

logo.ensafh

Net mear troch de bledsiden bledderje, mar foar de lûdsprekker sitte en harkje. Hieltyd mear minsken hawwe of liene saneamde harkboeken en dêrom is it no de lanlike ‘wike fan it harkboek’. Ek yn Fryslân binne hieltyd mear harkboeken. Jan Schotanus jout al tsien jier lang Fryske harkboeken út. Minsken dy’t gjin Frysk lêze kinne, mar wol ferstean, hawwe no ek de mooglikheid dy boeken te hearren.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Geart Tigchelaar op it Soutar Festival of Words yn Perth

logo.ensafh

Dichter Geart Tigchelaar hat ferline jier optreden op it ynternasjonale poëzyfestival StAnza yn St Andrews, Skotlân. Dêr hat er de Skotske dichter David Eyre troffen, dy’t him ferwûndere oer de oerienkomsten tusken it Frysk en it Skotsk. Sadwaande is hy begûn mei it oersetten fan Tigchelaar syn wurk. Eyre wie frege om oer de relaasje tusken it Skotsk en it Frysk te fertellen oan ’e hân fan Tigchelaar syn poëzy op it Soutar Festival of Words en de organisaasje fan it festival hat om dy reden Tigchelaar útnûge om nei Perth te kommen. William Soutar, dêr’t it festival nei neamd is, skreau sawol yn it Skotsk as yn it Ingelsk.… Lês fierder

Teleks: Simon Oosting is dichter fan de moanne maaie by RIXT

logo.ensafh

Simon Oosting is ús dichter fan de moanne maaie. Hy ferbliuwt dizze wiken yn ’e skriuwersarke op de Feanhoop. ‘De fûgelwacht-ôfdieling Nij Beets/De Feanhoop hie it jierferslach 2018 yn de bus dien. Ik lies dat de sifers oer it tal greidefûgels alderferskuorrendst min binne. En myn eigen ûnderfining haw ik yn it taheakke fers beskreaun.’

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Sjonger Marcel Smit “Omstekeard moat yn it Frysk wurdboek”

logo.ensafh

“Omstekeard: oeral dêr’t ik it sjong witte minsken wat ik bedoel. Dêrom fyn ik dat it thúsheart yn it Frysk wurdboek.” Dat seit sjonger Marcel Smit oer it wurd ‘omstekeard’. Hy is in petysje begûn om it wurd yn it Frysk wurdboek te krijen. Smit hat de petysje moandeitejûn online set en tiisdeitemoarn wiene der fyftich ûndertekeners.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Elmar Kuiper nei Transpoesie yn Brussel

logo.ensafh

Ek yn 2019 wurdt yn Brussel Transpoesie organisearre, it Europeeske Poëzyfestival.
Foar de twadde kear is dêr in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Elmar Kuiper. Hy sil 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is, tusken 24 oare talen út Europa. Fierder organisearret Transpoesie foarstellings yn september en oktober.
Ek dit jier hat It Skriuwersboun de oprop dien foar ynstjoerings. In kommisje besteande út Alex Riemersma ((NHL-Network to Promote Linguistic Diversity), Cor van der Meer (Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hawwe út trije kandidaten dichters Elmar Kuiper keazen mei syn gedicht ‘Myn Lân’.… Lês fierder

Teleks: Utstalling mei portretten fan Sjoerd de Vries

logo.ensafh

Foar ien kear komme alle literêre portretten fan de ferneamde keunstner Sjoerd de Vries by elkoar te hingjen yn Tresoar. It is in fersyk fan de keunstner sels. It giet om portretten fan Fryske skriuwers en letterkundigen dy’t de Vries foar in grut part makke yn opdracht fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dat letter opgie yn Tresoar.

Alle 17 portretten komme no op ien wand te hingjen yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar en binne te sjen oant en mei 15 maaie 2019.

It giet om portretten fan Trinus Riemersma, Sybe Sybesma, Rink van der Velde, Reinder Rienk van der Leest, Jan Wybenga, Freark Dam, Sijbe van der Meer, Ype Poortinga, Sipke Dijkstra, Ypk van der Fear, G.… Lês fierder