It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tsiende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.
Wannear: freed 25 oktober 2019
Wêr: Fryske Akademy, seal Sânwâlden
Foar eltse lêzing stiet in healoere (tweintich minuten foar de lêzing, tsien minuten foar fragen).… Lês fierder