Neikommen Teleks: Petear mei Pier Boorsma

logo.ensafh

,,Jo moatte josels eare”, laket er, ,,mar it is in kadootsje fan de útjouwer.” Al mear as fyftich jier is de yn Snits berne dichter aktyf. Boorsma wie yn 1969 mei-oprjochter fan it blêd Sonde en wie belutsen by Operaesje Fers, de dichterstillefoan. De lêste jierren set er him yn foar Sis Tsiis, de aksjegroep dy’t opkomt foar goed ûnderwiis yn it Frysk foar alle bern yn Fryslân.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Teleks: Janneke Spoelstra hat in nije roman en dichtbondel skreaun

logo.ensafh

Op snein 7 april hat Janneke Spoelstra yn it doarpshûs fan Hijum twa nije boeken presintearre: de roman De parallaks en de dichtbondel Wij yn ‘e draaimûne.

Janneke is hikke en tein yn Hijum en gie nei de Arjen Roelofsskoalle, dat no it doarpshûs is. De seal siet moai fol. Nei de iepening troch Janneke joech Ernst Bruinsma (útjouwer) in ynlieding op beide boeken. Dêrnei wiene der optredens fan skriuwers, lykas Syds Wiersma (syn pake wie timmerman yn Hijum) en Sytse Jansma (syn pake wie wethâlder fan Ljouwerteradiel). It earste eksimplaar fan de dichtbondel wie foar âld-skoalmaster Sieb Lemstra en de roman waard oanbean oan Gerda Tolk.… Lês fierder

Aginda 26-04-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Start ienmalige lêsklup Japanske literatuer

logo.ensafh

Vindt u de Japanse cultuur ook intrigerend? Wilt u daar wel eens meer over weten door Japanse literatuur te lezen? Op dinsdag 23 april worden belangstellenden voor zo’n leesclub uitgenodigd in Leeuwarden of Heerenveen.

Het initiatief komt van leescluborganisatie Senia, samen met Schwob, onderdeel van het Letterenfonds. Zij hebben alvast drie romans geselecteerd die in het Nederlands gelezen en besproken worden. Het streven is om leesclubs van 6 tot 8 personen samen te stellen die om de 5 à 6 weken bij elkaar komen.

Lês fierder by Groot HeerenveenLês fierder