Loenen aan de Vecht, 30-03-2019
Parseberjocht: Fers2 fynt ûnderdak by Hispel
Hjoed is op ‘e redaksjegearkomste fan Frysk Literêr Tydskrift ensafh, dêr’t ek Abe de Vries en Friduwih Riemersma fan literêr ynternettydskrift Fers2 by oanskood wiene, bekend makke dat de beide tydskriften besletten hawwe ta fiergeande gearwurking.
Der sil by Hispel, útjouwer fan ensafh, romte komme foar in jierlikse papieren edysje fan Fers2, mei dêryn de bêste stikken út de digitale edysje. Fierders bliuwe de twa tydskriften ûnôfhinklik fan inoar bestean.
Abe de Vries: ‘Hiel moai, dat dizze gearwurking ta stân kommen is. Wat de eardere strideraasje tusken benammen myn persoan en ensafh oanbelanget: sân deroer, soe’k sizze.… Lês fierder