Teleks: Resinsje Swallows and Floating Horses fan Teake Oppewal op WLT

logo.ensafh

In 2005 the publisher Francis Boutle embarked on an ambitious series of bilingual anthologies of the Lesser Used Languages of Europe. Recently, the ninth volume appeared, Swallows and Floating Horses, focusing on Frisian literature. This publication forms a perfect match with As Long as the Tree Blooms (WLT, Jan. 2019). Where the latter is a concise, colorful, and illustrated introductory history of Frisian literature, the Boutle anthology offers a more detailed approach that includes excerpts of texts with a translation in English, accompanied by essential information for sufficient context. An eight-page introduction provides the indispensable historical framework. The book contains a selection of around 140 entries in a compact layout.… Lês fierder

Aginda 29-03-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda: 29-03-19: Presintaasje Graet Hylper Wordebook

logo.ensafh

Presintaasje Graet Hylper Wordebook op 29 maart

Nei jierren fan krewearjen ferskynt it mear as tûzen siden tellende Graet Hylper Wordebook op freed 29 maart 2019. De auteurs binne Gosse Blom silger en Siebren Dyk, mei stipe fan Wiebe Zoethout. De presintaasje fan it wurdboek is yn De Foeke te Hylpen, mei bydragen fan sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen en bern fan basisskoalle De Skulpe.

Datum en tiid: freedtemiddei 29 maart 2019, 16.00-18.00 oere
Plak: De Foeke, Nieuwstad 49, Hylpen

It Hylpersk is in dialekt fan it Frysk, mar hat in eigen ûntjouwing trochmakke, sadat it hjoed-de-dei aardich fan it gewoane Frysk ôfwykt.… Lês fierder

Jetske Bilker set Boekewikegeskink oer

logo.ensafh

Skriuwster en oersetster Jetske Bilker hat foar dit jier it ‘Boekenweekgeschenk’, skreaun troch Jan Siebelink oerset yn it Frysk. Ferline jier hat sy it boekewikegeskink fan Griet op de Beeck ‘Gezien de feiten’ oerset as ‘Mei it each op de feiten’. Dit jier hat sy de opdracht krige om ‘Jas van belofte’ yn it Frysk oer te setten. It boek is in oade oan in freonskip, oan in heit en oan it skriuwen.

Lês fierder by SirkwyLês fierder