Aginda 16-08-2026: Wurdestream, foardrachten yn it Tripgemaal 

logo.ensafh

 

Op sneintemiddei 16 augustus drage studinten en dosinten fan de Skriuwersfakskoalle eigen wurk foar yn it histoaryske Tripgemaal yn Gersleat. De foardrachten binne skreaun by it jubileumtema fan it Tripgemaal: ‘Pompe of Fersûpe’. De literêre middei is foar elkenien tagonklik. Nei de foardrachten is in ynformele buorrel. 

De middei foarmet de feestlike ôftraap fan it nije skoaljier fan de Skriuwersfakskoalle. It wurdt in fariearre literêr programma mei foardrachten yn ferskate sjenres, fan proaza en poëzy oant essay en toaniel. Skriuwers fan allerhanne leeftiden, sawol studinten as dosinten, litte hearre hoe’t it jubileumtema fan it Tripgemaal harren ynspirearre hat. 

Besikers komme sa yn de kunde mei de breedte fan wat der binnen de Skriuwersfakskoalle skreaun wurdt.Lês fierder

Teleks: Wa is de bêste Fryske Poëzyslammer 2026? GIET NET TROCH!

logo.ensafh

Giet net troch

Doarsto yn de ring fan taal te stappen?

Lit dyn wurden dûnsje, fjochtsje, ferrasse en wurd ien fan de tsien dichters by de
Fryske Poëzyslam.
Nim it mei dyn ferpletterjende foardracht fol poëtyske hichtepunten
op tsjin oare Fryske dichters.

It publyk kiest yn trije rondes de bêste slammer.
Winsto – neist ivige rom – de prachtige wikselbeker én 500 euro?

Doch op 25 juny mei oan de Fryske Poëzyslam by Tresoar.

Meld dy oan (mail nei marijke.deboer@tresoar.nl)
én nim fans, famylje en freonen mei.

Jim kinne jim oanmelde oant en mei 17-06-2026!

Lês fierder

Aginda 26-06-2026: Muzikale Midsimmerjûn yn Westhim mei muzyk en poëzij

logo.ensafh

De Gerben Rypma Stichting organisearret op freed 26 juny wer har tradisjonele Midsimmerjûn. Dit jier fynt it evenemint plak by en yn de Bartholomeüstsjerke yn Westhim, dêr’t besikers genietsje kinne fan in jûn fol muzyk, poëzij en in gesellige neisit.

Sjonger-ferskeskriuwer Jan Hoekstra spilet en sjongt ferskes fan syn nijste plaat “Holle mei Ferhalen” Paul begelaat him op piano.

Dichter, muzikant Paul van Dijk lêst gedichten foar út syn nijste bondel ‘Spegelrinner’, spilet eigen muzyk en wurdt begelaat troch Jan op gitaar

Sjoch foar mear ynformaasje by de Gerben Rypma StichtingLês fierder

Aginda 17-06-2026: Winners Gjalp op it poadium

logo.ensafh

De winners krije fuort al in poadium op woansdeitejûn 17 juny, by Poadium Explore. De winnende gedichten sille foardroegen wurde, de winners fan de ideeën foar in festivalproduksje komme oan it wurd oer harren idee. Ek wurdt dy jûn foarútsjoen nei de tredde edysje fan de Gjalp yn 2027, wêrby’t de gearwurking socht wurdt mei Poadium Explore en de Popfabryk. Elk is fan herte útnûge om by de feestlike jûn op 17 juny oanwêzich te wêzen. De ynrin is om 19:00 oere, it programma begjint om 19:30 oere en wurdt presintearre troch Karen Bies.

Lês hjir fierder… Lês fierder

Teleks: Lara Kool nieuwe Havendichter van Leeuwarden

logo.ensafh

op zondag 14 juni a.s., ‘s middags van 14.00 tot 16.00 uur aan boord van de Stânfries X, afgemeerd aan de Wirdumerpoortsdwinger 8 in Leeuwarden. U vindt de Stânfries X in de zgn. zwaaikom, voor de Mercuriusfontein, Campus Fryslân (v.h. de Beurs) en de Beursbrug.

Ter informatie

De Havendichter van Leeuwarden is een initiatief van de Stichting Museumhaven Leeuwarden, naar een idee van Henk Dillerop, oud-bestuurslid van de stichting en haar vlaggenschip Stânfries X, indertijd belast met kunst en cultuur.

Lês fierder by Liwwadders

 … Lês fierder

Teleks: Sân winners en in oanmoedigingspriis foar de Gjalp

logo.ensafh

Sân winners en in oanmoedigingspriis foar de Gjalp

De Gjalp hat dit jier sân ynstjoerders ta winner útroppen. De priiswinners wurde op woansdeitejûn 17 juny op it poadium roppen, wêrby’t de winnende gedichten foardroegen wurde en guon fan de ideeën foar performance taljochte wurde sille. Ek wurdt dy jûn mear bekend makke oer de Gjalp 2027.

Under de namme de Gjalp hawwe Ensafh, de Moanne en RIXT yn maart dit jier twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters presintearre. Makkers koene in gedicht of in idee foar in festivalproduksje ynstjoere. De ynstjoerde gedichten binne troch de sjuery anonym beoardiele. It tema wie ‘It Waad’, want de Gjalp hat dit jier de gearwurking socht mei in tal festivals yn it waadgebiet.… Lês fierder