Teleks: Slagge middei mei poëzy en muzyk yn de Hoofdstraat fan Koudum

logo.ensafh

Tradysje is noch in grut wurd, mar nei it sukses fan de poëzymiddei yn de Hoofdstraat yn febrewaris ferline jier, fûn it evenemint ôfrûne sneintemiddei foar de twadde kear plak. Mei likefolle belangstelling en mei sa’n soad entûsjaste reaksjes dat de organisatoaren nei ôfrin oppenearren dit evenemint yn febrewaris 2020 foar de tredde kear organisearjen te wollen. Krekt as ferline jier wienen der sa’n 50 belangstellenden ôfkommen op de poëzy en de muzyk, dy’t yn ‘e Hoofdstraat fan Koudum te hearren wie.

Lêst fierder by Koudum.nlLês fierder

Aginda 29-03-19: Sympoasium takomst fan de frisistyk

logo.ensafh

De takomst fan de frisistyk yn Nederlân: in sympoasium

It liket net goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk.

Wa’t de frisistyk – de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde – fan no oersjocht en ferliket mei de tastân fan sa’n fjirtich, fyftich jier lyn, sil sjen dat er gâns feroare is. Der wiene doe heechlearen foar it Frysk oan de universiteiten fan Grins, Amsterdam (sawol VU as UvA), Utert en Leien. Foar ûndersyk wie boppedat de Fryske Akademy wichtich.

Freed 29 maart 2019, 10.30-16.00 oere.… Lês fierder

Teleks: D.A. Tammingapriis 2019

logo.ensafh

D.A. Tammingapriis 2019

It bestjoer fan de Stifting FLMD, behearder fan it Tamminga-Piebenga Fûns, kent dit jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar proazadebuten. It is de twadde kear, yn 2014 waard de earste proazadebutepriis útrikt oan Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke.

Proazadebuten – romans of ferhalebondels – dy’t ferskynd binne tusken 1 jannewaris 2014 en 1 jannewaris 2019 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking. In sjuery besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet beoardielet de rispinge.

Utjouwers of skriuwers dy’t yn boppeneamd tiidrek in debút útbrocht hawwe en gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a.… Lês fierder

Teleks: Twadde Moannegedicht Janneke Spoelstra op RIXT: ‘Fantastic plastic’

logo.ensafh

Janneke Spoelstra har twadde moannegedicht giet oer plestik. In ûnderwerp dat hieltyd aktueler wurdt. Justerjûn 13-02-2019 by Iepen Up Live stie de hiele jûn yn it teken fan Plastic Fantastic. Janneke slute de happening ôf mei har gedicht ‘Fantastic Plastic’. Geart Tigchelaar wie derby en filme it.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Smellingerlân siket nije gemeentedichter

logo.ensafh

De gemeente Smellingerlân siket in nije gemeentedichter. De hjoeddeistige gemeentedichter, Andries de Jong, nimt dizze maitiid ôfskied. Wa’t him opfolget, mei de kommende twa jier by bysûndere gelegenheden gedichten skriuwe en foardrage.
It gemeentehûs fan Smellingerlân – Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de gemeente moat de gemeentedichter in kreatyf persoan wêze dy’t mei syn of har gedichten de ynwenners fan Smellingerlân mei in frisse blik sjen lit nei it deistich libben yn de gemeente. Dizze man as frou hoecht gjin professional te wêze.

De gemeentedichter moat op syn minst fiif gedichten yn it jier skriuwe en foardrage. Der is in fergoeding fan 150 euro it gedicht.… Lês fierder