Teleks: Van der Velde, fan lyts famyljebedriuw nei suksesfolle searje boekhannels

logo.ensafh

It begûn as in lyts famyljebedriuw, mar nei 126 jier ha se njoggen boekwinkels en in miljoene-omset: boekhannel Van der Velde. Mei it oernimmen fan boekhannel Waanders yn Zwolle ôfrûne augustus en it iepenjen fan harren nijste pân yn Harns ferline wike, is it bedriuw ien fan de meast suksesfolle boekhannels fan it lân. De twa mannen oan it stjoer, Rutger van der Velde en Ad Peek, meitsje harren sterk om de ûndergong fan de boekwinkel foar te kommen. Van der Velde: “Us fak is siik en it stjert, dat sjogge wy allegear. Mar dat wolle wy net gebeure litte.”

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Rely-priisfraach foar 65ste kear iepensteld

logo.ensafh

Rely-priisfraach foar
65ste kear iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 65ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 13 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Aginda 27-01-19: Biltske Brunsj mei moannedichter Hein Jaap Hilarides

logo.ensafh

Snein 27 jannewaris Biltske Brunsj mei moannedichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings

Kommende snein organisearret útjouwer Eddy van der Noord (Utjouwerij Louise) yn it Grouster Sylsintrum in Bildtse Brunch. Hy fertelt dan wêrom’t er de Biltske bondel Ofskaid en útsicht (2018) sa’n bysûnder boek fynt en hoe’t de bondel ta stân kommen is. Auteur Hein Jaap Hilarides, by RIXT moannedichter fan jannewaris, sil in pear ferhalen, stikkys en gedichten foardrage.

Grouster Sylsintrum, Pr. Wilhelminastritte, 9001 JM Grou.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Wjerklank 22 (2018) fan it Obe Postma Selskip stiet online

logo.ensafh

ynhâld:

Obe Postma Selskip – It wurk as feriening sit der op
Obe Postma Dagen 2018
De gedichtemiddei
Oanbieding earste eksimplaar SELECTED POEMS
Obe Postma-dagen – poëzy- en literatuerkuier
Poëzy fan Obe Postma op muzyk
Boekpresintaasje: Obe Postma – In libben dat bloeide nei syn aard
Besprek Selected Poems
In frjemde skildersman wol Saske ha
Postma Biografy Dreaun fan ierde’ dream
De 150e bertedei fan Obe Postma

Wjerklank 22 (2018) Download (pdf)… Lês fierder

Teleks: Leden Sis Tsiis prate oer aksje tsjin de Afûk

logo.ensafh

De Afûk is by in protte minsken bekend as de organisaasje dy’t opkomt foar de Fryske taal. De organisaasje yn it skaad fan ‘e Aldehou yn Ljouwert organisearret kursussen Frysk, hat in Fryske boekhannel en docht noch folle mear om de Fryske taal te stypjen, lykas mei de kampanje Praat mar Frysk.

Dat is lykwols net genôch, is it betinken fan guon noch fûlere Fryske bewegers op ‘e Facebookgroep Fryslân en de Fryske taal (link). Nei oanlieding fan in typflater yn de lokwinsk fan de Afûk oan de nije heitelânsdichter Tsead Bruinja oppenearren harren ferskate minsken dy’t fan betinken wiene dat de Afûk al jierren mei de mûtse nei it Frysk smyt.… Lês fierder