Wat de sosjale media oanbelanget wie it nijsgjirrichste literêre tydskrift fan Fryslân al fertsjintwurdige op Twitter en Facebook. ensafh hat no lykwols ek in Instagram-account.
Klik en folgje ús!… Lês fierder
Wat de sosjale media oanbelanget wie it nijsgjirrichste literêre tydskrift fan Fryslân al fertsjintwurdige op Twitter en Facebook. ensafh hat no lykwols ek in Instagram-account.
Klik en folgje ús!… Lês fierder
De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.
Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!
De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.
Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…
Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.
Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder
Grutte Gedichtejûn op 8 febrewaris 2019 yn Marktzicht te Drachten
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. Ditkear wurdt dy yn Kafee Marktzicht holden op 8 febrewaris 2019. Elke dichter yn hokfoar taal of dialekt ek mar kin hjir oan meidwaan. Jo hoege net ienris dichter te wêzen, want jo meie ek in fers fan jo favorite dichter foarlêze. Ineke van der Heide sil foarlêze út it op ’e selde dei by útjouwerij Hispel ferskinend boek mei berneferskes ‘Broek mei bûsen’. De dichters en foarlêzers op ’e jûn krije as tsjinprestaasje dy útjefte kado. Tusken de poëzije troch sil der yn it smûke Drachtster kafee Grunneger muzyk klinke fan trûbadoer Bert Hadders.… Lês fierder
Tsead Bruinja is vanaf vrijdag de nieuwe Dichter des Vaderlands. De komende twee jaar zal hij gedichten schrijven bij actuele gebeurtenissen en optreden als ambassadeur voor de poëzie. „Als ik een middenpositie moet opzoeken, dan val ik in slaap.”
Lês fierder by de NRC
Sjoch ek by Omrop Fryslân en It Nijs… Lês fierder
twa lêzings yn Tresoar
Op freed 25 jannewaris om 15.30 komme Hindrik Brouwer en Goffe Jensma te sprekken yn de Gysbert Japicseal yn Tresoar. Twa útienrinnende lêzings oer: Brouwer as heit en famyljeminsk èn Brouwer as wittenskipper en bewegingsman en de betsjutting fan Brouwer foar de Fryske kultuer en wittenskip.
Prof. Dr Jelle Brouwer (1900-1981) hat ien fan de sintrale figueren yn de 20ste iuwske Fryske Beweging west. Begûn as dichter en as meiwurker oan de Provinsjale Biblioteek, wurke er himsels troch selsstúdzje omheech. Sa waard er mei-oprjochter fan de Fryske akademy, de earste heechlearaar Frysk yn Nederlân (yn Grins), ynfloedryk direkteur fan de Fryske Akademy as organisator en oanpoener.… Lês fierder
De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk te set. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t meidertiid by Utjouwerij Hispel útjûn wurdt.
Aarhus wie yn 2017 kulturele haadstêd, lykas Ljouwert ferline jier. Om dy reden hat de Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ôfrûne simmer in lytse wike yn Ljouwert taholden. Dy gearwurking wurdt trochsetten, trochdat de fjouwer dichters útnûge binne troch Aarhus Litteraturcenter om nei Denemarken te kommen.… Lês fierder
Oftraap fan de Moanne fan it Fryske boek mei Willem Schoorstra. It programma: útrikking fan it earste eksimplaar fan it Kadoboek Rosmos, master tattoeëarder Rinto fertelt smoute ferhalen en muzyk fan de Junkyard Dogs dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille.
Sjoch ek de offisjele útnoeging foar it Boekebal.
… Lês fierder