Teleks: Literatuerfilm ‘Yn dit lânskip leit myn libben’ op YouTube

logo.ensafh

(Tekst Sirkwy)

Yn it kulturele haadstêdjier hat de literatuerfilm ‘Yn dit lânskip leit myn libben’ in jier lang alle dagen te sjen west yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Foar dy’t dat ûntkaam is, is der de mooglikheid om de film alsnoch te besjen op Youtube.

Yn de film binne û.o. opnames te sjen fan it arkje fan Rink van der Velde dat al jierren brûkt wurdt as skriuwershûs foar Fryske skriuwers. Skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma en keunst- en literatuerkenner Huub Mous fertelle oer harren relaasje mei de Fryske skriuwerij.

Klik hjir foar de film… Lês fierder

Teleks: Oersetwedstryd ‘In the Big Rock Candy Mountains’

logo.ensafh

Oersetwedstryd In the Big Rock Candy Mountains

Yn De Nije, it nulnûmer fan it nije Frysktalige nijsblêd fan De Ried fan de Fryske Beweging is in oersetwedstryd opnommen fan it liet In the big rock candy mountains. Dy countrysong giet oer in swalker. Hy dreamt oer in lân dêr’t de hinnen sêftseane aaien lizze en dêr’t de sigaretten oan de beammen groeie. It waard foar it earst op de plaat set troch Harry McClintock yn 1928. Nei de suksesfilm fan de bruorren Joel en Ethan Coen ‘O Brother Where Are Thou’ út 2000 is it yn ferskate ferzjes op YouTube te finen.… Lês fierder

Teleks: Abe de Vries, ‘Meartaligens begraaft Frysktalige kultuer’

logo.ensafh

It wie in opfallende lêzing dy’t Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en kultuer oan ’e Ryksuniversiteit Grins, okkerdeis yn Ljouwert joech oer ‘de takomst fan de Fryske kultuer nei 2018’ (Friesch Dagblad, 22 desimber 2018). Fryske kultuer, sei Jensma, hat foar him syn wearde ‘yn it lokale’, ‘yn dat wat troch elkenien oanrekke wurde kin’, ‘yn dat wat op fytsôfstân leit’. Fryske skriuwers, dichters en lêzers sille dêr lykwols, sa útslutend steld, net gau yn meigean kinne – ommers, watfoar skriuwer wol yn ’e boeken komme as de kronikeur fan ’t lokale fytsehok?

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Kultuerpriis De Fryske Marren 2018 takend oan Eppie Dam

logo.ensafh

Wethâlder Durk Durksz rikte op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Kultuerpriis út oan dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat.

In karkommisje, besteande út Karel Gildemacher fan De Jouwer, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk, hat Eppie Dam selektearre út 13 foardrachten. Dêrfan hellen 4 de twadde omloop: de berneboekedei fan Terherne, de rockopera Tommy fan De Jouwer, iepenloftspul Weispield fan Bantegea en Eppie Dam, mei syn bondel Ienkennich lânskip.

In útdaagjend en ynspirearjend projekt
De karkommisje seit yn it sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makken.… Lês fierder