Teleks: Nij fers Dichter fan Fryslân ‘Lighten up, Kim Jong-un’

logo.ensafh

 

 

 

 

Lighten up, Kim Jong-un

se iepenje it fjoer

dizze nacht, mei linten ôfset, achter wite skermen

se iepenje it fjoer
op it âlde hûs

wa iepenet it fjoer?
de fijân iepenet it fjoer!
ík iepenje it fjoer
joost oomen iepenet it fjoer
de afûk, kapitein haddock, dichterskollektyf rixt, mahatma gandhi en de sosjale fersekeringsbank iepenje it fjoer

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Janneke Heslinga wint ferhalewedstriid BoekFloedBoek

logo.ensafh

Janneke Heslinga hat de ferhalewedstriid by de proazajûn BoekFloedBoek yn Herbergh Het Wapen van Friesland wûn. Har ferhaal ‘Wachtsje op…’ waard troch sjueryleden Gabrielle Terpstra en Martsje de Jong priizge om de orizjinaliteit en de kwaliteit. ‘It ferhaal is echt ôf en tige soarchfâldich skreaun. Hiel knap,’ sa fynt de sjuery.
Heslinga stjoerde ferline jier foar it earst in ferhaal yn en ûntwikkelt har talint ûnder lieding fan Jetske Bilker op de skriuwersfakskoalle. Earder dit jier waarden ek al ferhalen fan har publisearre yn it Literêr Tydskrift Ensafh.

De ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek waard organisearre troch Martsje de Jong yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Oprop gedichten oer it tema Taal

logo.ensafh

As it troch finansjele stipe mooglik makke wurdt, sil Frysk en Frij yn 2025 in sammeldichtbondel útjaan mei lyryk oer it tema: Taal. Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne en gjin oersettingen fan oaren.

Dat tema Taal is heel breed – gelukkich. Sa kinne je út ’e romte tarre.
Foar guon dy’t ferlet ha fan ôfbeakening fan dat universum hjir wat suggestjes:
Memmetaal, Leafdetaal, Oarlochstaal, Taaldiskriminaasje, Taal en macht, Minderheidstaal, Bernetaal, Tongetaal, Geheimtaal, Lichemstaal, Taal en identiteit.
Mear ideeën? Lit it ús witte

Lês fierder by Frysk en FrijLês fierder

Aginda 13-12-2024: Presintaasje dichtbondels Gerrit de Vries en Elmar Kuiper

logo.ensafh

FERLOSBOARTSJE EN HÛNGERSTIEN

Hjirby nûgje Elmar Kuiper en Gerrit de Vries jimme út foar harren bondelpresintaasje op freed 13 desimber, yn de Gouden Liuw, yn Tresoar. De middei wurdt muzikaal oanklaaid mei in optreden fan Martijn van Limbeek.

Elmar en Gerrit kenne inoar fan de legere skoalle. Se kamen by inoar oer de flier en makken lange fjildtochten troch it Marsumer Aldlân en de Menamer Mieden. Se holden in soarte fan deiboek by, dêr’t se harren aventoeren yn opskreaunen.
Gerrit de Vries debutearre yn 2019 mei de bondel Unlân. Yn Hûngerstien sjocht de dichter it libben yn ’e eagen. Syn gefoelichheid is de oare kant fan ’e medalje, mar as dy oan bod komt, bart dat yn alle earlikheid: sûnder moederaasje.… Lês fierder

Aginda 30-11-2024: Presintaasje ‘De reis fan it famke’

logo.ensafh

Op sneon 30 novimber 2024 is yn Museum Dr888en de presintaasje fan it boek De reis fan it famke. De susters Catharina en Hilleke Lautenbach ha dit mearke skreaun (Catharina) en de illustraasjes makke (Hilleke). It boek is in aventoerlik mearke dat in laits opropt én yn it moed taastet. Foar jong en âld en elkenien dy’t fragen hat oer it doel fan de syktocht yn it libben.

Sjoch foar mear ynformaasje by Utjouwerij DeRypLês fierder

Teleks: Albert Walsweer bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer by NHL Stenden

logo.ensafh

NHL Stenden beneamt mei yngong fan 1 jannewaris 2025 Albert Walsweer ta bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer. It lektoraat is ta stân kommen yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en is ynsteld om de doelstellings fan it belied Taalplan Frysk 2030 mei stal te jaan. It bysûnder lektoraat makket ûnderdiel út fan it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden.

Albert Walsweer hat in brede ûnderfining yn it ûnderwiis. Hy wurke as learaar, as ûnderwiisadviseur by ECNO en as ûndersiker en associate lector yn it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid. As lektor sil hy, yn ’e mande mei oaren en yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, op ’e praktyk rjochte ûndersyk dwaan en him rjochtsje op de fraach hoe’t skoallen de Fryske taal en kultuer op in tagonklike en ynspirearjende manier ferwurkje kinne yn har kurrukulum, sadat yn 2030 alle learlingen en studinten de kâns krije Frysk te learen en te brûken.… Lês fierder