Teleks: Partijen binne kritysk op nije kultuernota ‘Kultuer oan ‘e Kime’

logo.ensafh

Provinsjale Steaten wiene woansdei kritysk oer de nije kultuernota ‘Kultuer oan ‘e Kime’ fan deputearre Sietske Poepjes. Yn de nota stiet dat de provinsje de kommende jierren foaral it toaniel en de popkultuer stypje wol. Oare kultuersektoaren krije minder omtinken en in soad partijen fine dat gjin goede saak.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Annet Bouma wint Fryske foardrachtswedstriid FeRstival

logo.ensafh

Annet Bouma fan Surhuzum hat de 76e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtswedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makke se mei har foardracht fan it gedicht ‘Dyn namme’ fan Tsjitske Sijtsma de measte yndruk op de sjuery. “Annet hat ús in skilderij sjenlitten. Se libbe har fantastysk yn en hie in prachtige mimyk”, sei sjueryfoarsitter Romkje Bosma.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Poëzij Willem Abma út nije bondel ‘Ferbûn en Sjoen’ by RIXT

logo.ensafh

Pleatst op 15 desimber 2018
Twa fersen út ‘Ferbûn en Sjoen’ fan Willem Abma

Op 21 novimber waard de nije bondel fan Willem Abma presintearre yn it tsjerkje fan Himpens. ‘Ferbûn en Sjoen’ is de titel. Mei as ûndertitel: ‘Mimeringen oer myn leauwe en libben’. It is de delslach fan in oanhâldende inerlike dialooch oer mystyk, leauwe en ferstilling. Mimeringen dus oer geloofsbelibbing en libbensrin; gedichten, teologyske gedachten, gebeden en geastlike lieten komme yn dizze bondel dan ek byinoar.
Foar RIXT socht Abma twa teksten út. Jo kinne se hjirûnder lêze.

‘Ferbûn en Sjoen’ is Abma syn tweintichste dichtbondel, bibliofile útjeften fan útjouwerij De Hynsteblom fan Karel Gildemacher meirekkene.… Lês fierder

Teleks: DINGtiid: De nije BFTK bringt Frysk op koers nei 2030

logo.ensafh

Op 30 novimber hawwe Ryk en Provinsje Fryslân yn Ljouwert de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) foar de perioade 2019-2023 ûndertekene. Neffens syn wetlike taak hat DINGtiid beide oerheden advisearre by it tastânkommen dêrfan. No’t de BFTK tekene is, reagearret DINGtiid op it einprodukt. It advysorgaan foar it Frysk hat wurdearring foar de ambysjes en it feit dat mei it jier 2030 ek in konkreet koerspunt steld wurdt. De ambysjes kinne lykwols allinne helle wurde as Ryk en provinsje goed stjoer hâlde op de doelen dy’t de BFTK befettet en dêrby mei-inoar en mei it fjild yn petear bliuwe.… Lês fierder

Teleks: Provinsjaal jild foar biografy oer Tony Feitsma

logo.ensafh

It Feitsma Fûns krijt 50.000 euro fan de provinsje foar de biografy oer Tony Feitsma, dat skreaun wurdt troch Liuwe Westra. De wittenskiplike biografy giet oer it libben en it wurk fan Feitsma, yn relaasje ta de Fryske taal fan hjoed-de-dei en de Fryske identiteit sa’t dy no is. Mei de provinsjale bydrage is de finansiering foar in grut diel klear.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder