Teleks: In “Moaie” Fryske Top 100 fan Beart Oosterhaven

logo.ensafh

Op 19 febrewaris 2019 wurdt de sjonger-muzikant en lietsjesskriuwer Roel Slofstra fan Rie 80 jier. Slofstra lei yn 1969 – it oare jier dus krekt 50 jier lyn – as ‘oertrûbadoer’ mei syn elpee In spyltuech bin ik de grûnslach foar de Frysktalige lichte muzyk sa’t wy dy no yn allerhanne ferskiningsfoarmen kenne.

Om Slofstra alfêst te earjen en stil te stean by syn grutte fertsjinsten foar de Frysktalige lichte muzyk, hat Beart Oosterhaven, musikografysk meiwurker fan ’e Fryske Akademy, de ‘“Moaie” Fryske Top 100 2018-2019’ gearstald. It foel Oosterhaven nammentlik op, dat yn ’e Fryske Top 100 sa’t Omrop Fryslân dy alle desimbers op âldjiersdei útstjoert, de lêste jierren alhielendal gjin nûmers fan Roel Slofstra mear te finen binne.… Lês fierder

Teleks: Duw Aggie (91) ook een stukje door Bolsward

logo.ensafh

Aggie van der Meer (91) uit Bolsward kan sinds de zomer niet meer alleen op pad, maar daar heeft ze iets op bedacht: wildvreemden mogen haar duwen.

Voetje voor voetje schuifelt ze uit Bolsward voorzichtig in haar rolstoel de hal van verzorgingshuis It Menniste Skil uit het Laag Bolwerk op. Net om de hoek van de straat parkeert ze zichzelf pontificaal aan de rand van de stoep. En dan is het wachten. Op een vriendelijke voorbijganger. En vrijwillige duwer.

Lês fierder by de LC

Aggie van der Meer skriuwt Frysktalige literatuer (red. ensafh)Lês fierder

Aginda 14-12-18 o/m 02-02-19: Marboei-eksposysje yn Obe

logo.ensafh

Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan Taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift De Moanne en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn Obe.

Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter.
In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreaunen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien. De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hetinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting.… Lês fierder

Teleks: Nije bestjoersôfspraak Fryske taal

logo.ensafh

Minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren en Kommisaris fan de Kening Arno Brok hawwe freed 30 novimber 2018 de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023 (BFTK) tekene yn it taalbelibbingssintrum Obe yn Ljouwert.

Mei it ûndertekenjen fan de BFTK jouwe it Ryk en de provinsje ynfolling oan de Wet gebrûk Fryske taal. De ôfspraken binne basearre op it Europeesk Hânfest foar Regionale of Minderheidstalen.

Lês fierder by de Fryske AkademyLês fierder