Teleks: Portret fan Eppie Dam

logo.ensafh

Yn 2017 wûn Eppie Dam mei syn dichtbondel Fallend ljocht de Gysbert Japicxpriis. De heechste literêre priis fan Fryslân. Tresoar hat de Fryske keunstner Gerrit Terpstra frege om in portret fan Eppie Dam te meitsjen.
Freed 30 novimber 2018 is it nije portret ûntbleate troch minister Kajsa Ollongren. It nije portret is te besjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.

Dit portret is in bysûndere oanfolling yn de tradysje fan Tresoar om de priiswinners te earjen mei in keunstwurk. De rige mei portretten fan Gysbert Japicxpriiswinners wurdt hieltyd wer útwreide mei in nije keunstwurk. It is sa stadichoan in rike samling keunstwurken fan ferskate Fryske keunstners.… Lês fierder

Aginda 30-11-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 29-11-18: Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis

logo.ensafh

29-11-2018 19:45-21:45

​Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize. Untdek werom as Fryske skriuwsters minder faak yn ‘e prizen falle, wat de rol en it belang is fan fisuele poëzy en watst dwaan kinst om Fryske literatuer oantreklik te presintearjen by learlingen fan it fuortset ûnderwiis. De trije lêzings wurde yn ’t Frysk jûn. Tanksij stipe fan in Nederlânsktalige Powerpointpresintaasje binne de lêzings ek goed nei te kommen foar tahearders dy’t it Frysk minder goed behearskje.

Tongersdei 1 novimber: Net yn de prizen. Hoe serieus wurdt it literêre wurk fan froulju nommen? Troch Jelma Knol.
Tongersdei 15 novimber: Fisuele poëzy.… Lês fierder

Teleks: Earste Moannegedicht op RIXT fan Cornelis van der Wal

logo.ensafh

Hout en Snie

Dat it Frysk útstjerre sil, wurdt al ieuwenlang sein. Mar it giet tsjintwurdich wol hiel rap, de ynfloed fan it Hollânsk is hast net mear te kearen en it ûnderwiis yn it Frysk stelt neat foar. De oerheid fynt it, sa liket it, wol bêst allegearre. Is it al te let?

Cornelis van der Wal is dichter fan de moanne novimber by RIXT

Lês fierder by RIXTLês fierder