Nijs
Teleks: Stedsfrysk kin wol wat oandacht brûke
Sprekkers fan it Stedsfrysk soene inoar faker opsykje en mear stypje moatte. Dat seit Theo Kuipers, de foarsitter fan ‘Ut Genoatskip foar ut behoud fan ut Franekers’. Yn Frjentsjer is dizze sneon de earste ‘Dach fan ut Stadsfrys’.
Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Teleks: nije oetgoave van t digitoale tiedschrift Kreuze
Moi lu,
Der is weer n nije oetgoave van t digitoale tiedschrift Kreuze. Ons webstee het diskeer 26 bladzieden mit verhoalen, gedichten, nijs en aander schrieverij in de Grunneger toal.
De biedroagen binnen van Nico Torrenga, Henk Puister, Jan Sleumer, Ab Detmers, Bert Wijnholds, Bertus Spelde, Nelleke van Vliet, Jan Nomden, Trijnko Pelgrim, Aukje Tillema, Jan Hoiting, Henri Wierth, Jil Wildenga, Bert Weggemans, Eldert Ameling, Klaas van Zonneveld, Hanne Wilzing, Coby Poelman-Duisterwinkel, Nane van der Molen, Tiny Veldhuis, Pim de Noues, Jan Huttinga, Johan Koning, Gerhard P.J. Jansema en Martha Hoffenkamp.
Joargang 13, nummer 75 van Kreuze staait nou op http://www.kreuzekeuze.nl/… Lês fierder
Teleks: Klaas Bruinsma ferstoarn
Op 29-10-2018 is de ferneamde oersetter Klaas Bruinsma (Easterein, 1931) ferstoarn. Bruinsma krige foar syn oersetwurk twa kear de Obe Postmapriis.
Sjoch hjir, by de Drachtster Courant, hjir by Sirkwy en hjir, by de LC.… Lês fierder
Aginda 30-11-18: Portretpresintaasje Eppie Dam
Tresoar 30 novimber, 16.00 uur – 17.00 oere
Eppie Dam wûn yn 2017 de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel “Fallend ljocht”. Gerrit Terpstra makke in portret fan Eppie Dam.
Op freedtemiddei 30 novimber wurdt it portret presintearre oan it publyk. Fansels is de ûntbleating fan it skilderij yn de Gysbert Japicxseal, dêr’t alle oare portretten fan eardere winners ek hingje.
Om 15.30 oere ynrin mei kofje/tee en 16.00 oere presintaasje fan it portret.
Yn it Frysk.… Lês fierder
Aginda 02-11-18: Presintaasje ‘It leafst bin ik in fûgel’
Op freedtemiddei 2 novimber wurdt presintearre: ‘It leafst bin ik in fûgel-Poëzy foar elkenien 9 – 99 jier’. Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma
Presintaasje: De presintaasje sil plakfine op freedtemiddei 2 novimber fan 16.30 – 18.00 oere yn de Afûkwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert. Elkenien is fan herte wolkom… Lês fierder
Aginda 28-10-2018: Lêzing ‘De ûntdekking fan de leechte yn de Fryske literatuer en keunst’
Bert Looper, direkteur fan Tresoar fersoarget de lêzing: ‘De ûntdekking fan de leechte yn de Fryske literatuer en keunst’
Lokaasje: Doarpstsjerke Beetstersweach, Hoofdstraat 15.
De lêzing is ûnderdiel fan de útstalling ‘Skjin laai – Tabula rasa’.
Foar mear ynformaasje: info@tresoar.nl.
Yntree: € 5,00 Kaarten oan de kassa.
… Lês fierder
…