Teleks: Fryske boeken oan de man bringe op de Frankfurter Buchmesse

logo.ensafh

It docht fertuten om op de Frankfurter Buchmesse te wêzen, seit Jitske Kingma. Ek al kinst net sa maklik sizze dat in ‘deal’ krekt dêrtroch komt.

Neffens de samle Fryske útjouwers wiene Jitske Kingma (útjouwerij Elikser) en Ernst Bruinsma (Afûk) ferline wike mei in stand op de Frankfurter Buchmesse, sa’n bytsje de wichtichste boekebeurs. Se hiene dêr 19 ôfspraken mei likefolle bûtelânske útjouwers, seit it parseberjocht fan de provinsje grutsk.

Lês fierder by de LCLês fierder

Teleks: Fryske útjouwers sjogge tefreden werom op Frankfurter Buchmesse

logo.ensafh

Fryske útjouwers hawwe mei 19 bûtenlânske útjouwers op de Frankfurter Buchmesse praat. Dat is mear as de foargeande jierren. De ynternasjonale promoasje fan de Fryske literatuer docht fertuten. De Fryske delegaasje op de Frankfurter Buchmesse is tefreden oer de resultaten. De kontakten mei de bûtenlânske útjouwers moatte soargje foar mear oersettingen fan Fryske boeken.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 01-11-18: Lêzing Jelma Knol oer Net yn de prizen

logo.ensafh

Lêzing tongersdei 1 novimber 2018, 19.45 oere yn Tresoar, Ljouwert

Jelma Knol oer Net yn de prizen
Hoe serieus wurdt it literêre wurk fan froulju nommen?

Sûnt de Gysbert Japikspriis bestiet yn Fryslân, hawwe mar trije froulju de wichtichste literêre priis foar harren wurk krigen: de dichteressen Rixt, Ella Wassenaer en Tiny Mulder. De lêste kear wie yn 1986.

Dochs binne der gâns dichteressen dy’t wurk fan heech nivo publisearje: Baukje Wytsma, Margryt Poortstra, Albertina Soepboer, Elske Kampen. En poerbêste proazaskriuwsters: Hylkje Goïnga, Jetske Bilker, Greet Andringa, Marga Claus, Elske Schotanus. De opsomming fan nammen is fansels net folslein.

Yn literêre sjuerys sitte sûnt 1990 ek altyd ien of mear froulike sjueryleden.… Lês fierder

Teleks: ‘It sonken Waad’ fan de Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

As earste Dichter fan Fryslân skriuwt Eeltsje Hettinga dit jier en takom jier seis oant tsien gedichten jiers. By dizzen it gedicht It sonken Waad dat skreaun is nij oanlieding fan ûnder mear it rapport De toekomst van de Waddenzee. Een stijgende zeespiegel over een dalende bodem. It is opdroegen oan Theunis Piersma, dy’t yn de top 100 fan meast duorsume Nederlanners stiet. De útslach fan dy troch it deiblêd Trouw op priemmen sette ferkiezing is hjoed buorkundich makke.

Lês fierder by de LCLês fierder