Aginda 24-10-18: Presintaasje Philippus Breuker, ‘Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma’

logo.ensafh

Programma Boekpresintaasje

Philippus Breuker, Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma
Tiid: 13:30 – 17:00, Woansdei 24 Oktober 2018; Gysbert
Japicxseal, Tresoar, Ljouwert.

Programma
13:30 Ynrin, ûntfangt mei kofje/tee.
14:00 Iepening troch George Huitema, foarsitter fan it Obe Postma Selskip.

Lês fierder by it Obe Postma Selskip (pdf)… Lês fierder

Aginda 28-09-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Finster op Fryslân út ‘e loft

logo.ensafh

Hoelang it ‘multimediale ontmoetingsplek van creatieve en journalistieke mensen en verhalen’ al net mear aktyf is, falt net goed nei te gean. It lêste Facebook-berjocht datearret fan 28-04-18 en op Twitter liet Finster op Fryslân op 26-06-17 foar it lêst fan har hearre.

Parseberjochten oer de reden foar it út ‘e loft heljen fan Finster op Fryslân hawwe der net west.

Hjir stie de side: http://finsteropfryslan.frl/Lês fierder

Teleks: Jan Minno Rozendal troch sjuery Oare Wurden selektearre foar ferbliuw yn Masedoanië

logo.ensafh

Jan Minno Rozendal troch sjuery Oare Wurden selektearre foar ferbliuw yn Masedoanië

Histoarikus en publisist Jan Minno Rozendal is troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Masedoanië. Fan de twa ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Rozendal it sterkst. Hy reizget nije wike ôf nei de Masedoanyske stêd Bitola foar in ferbliuw fan acht wiken.

Rozendal wol tidens syn ferbliuw begjinne oan in biografy fan Douwe Kalma. As oprjochter fan de Jongfryske Mienskip en skriuwer fan it essay ‘Fryslân en de Wrâld’ joech Kalma goed hûndert jier lyn in enoarme ympuls oan it selsbewustwêzen en de eigenwearde fan de Friezen.… Lês fierder