Mei in soad bombarje en geweld wienen der in stikmannich keunstners ynflein om te soargjen dat yn alle alve stêden fonteinen kamen te stean. Under it mom dat Friezen gjin aan fan keunst hawwe soenen, moast soks oan oaren oerlitten wurde. Dy fonteinen steane der no allegearre, op dy fan Dokkum nei. Men kin jin ôffreegje wat in potfisk yn ’e haven fan Harns en de twa liuwen dy’t op kitscherige wize út it wapen fan Warkum knipt en plakt binne te krijen hawwe mei keunst.
Lês fierder by RIXT… Lês fierder