Aginda 27-07-18: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: poëzij Lubbert Jan de Vries op The Basil O’ Flaherty

logo.ensafh

L.J. DeVries’ mother tongue is the frisian language (https://en.wikipedia.org/wiki/West_Frisian_language). She writes poetry in frisian and english. The frisian work is published on www.ensafh.nl and the english on www.outlawpoetry.com. But she also translates; mainly american poetry into frisian. So far she has translated Whitman, Ginsberg, Micheline and Smith. Published via the Ensafh magazine.

Lês fierder by thebasiloflaherty

(noat redaksje ensafh: Lubbert Jan de Vries is in man)… Lês fierder

Teleks: Tredde filmprojeksje op de Aldehou

logo.ensafh

Op freed 27 july giet de tredde Lân fan taal-projeksje op de Aldehou yn premjêre. It is de poëtyske koarte film One of Us, makke troch sjongeres/dichter Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en komponist/slachwurker Sytze Pruiksma. Mei meiwurking fan Katalaansk dichter Eduard Escoffet, Flaamsk akteur Hendrik Aerts en Servysk-Nederlânsk dûnseres Dunja Jovic is it in ynternasjonale en meartalige produksje mei gâns ûnthjit.

L6es fierder by It NijsLês fierder