Aginda 15-07-18: Anne Feddema op Poezijmiddei Sint Anne

logo.ensafh

Anne Feddema zal een selectie gedichten voordragen, uit zijn tot nu toe verschenen bundels.Hij doet dit in het Fries en het Nederlands.De stichting Bildtse aardappelweken heeft hem dit gevraagd In het kader van het culturele hoofstad project Vruchtbare grond.
In het verleden trad Feddema onder meer op Poetry International in Rotterdam op.
Hij staat bekend als rasperformer.

In 2009 won hij de Gysbert Japicxpriis, de hoogste Friese literaire onderscheiding,
voor zijn bundel Reidhintsje op’e Styx.

Schilderijen van Anne zijn te zien in de aardappelschuur van Mts Schuiling, Oudebildtdijk 287.

de tickets zijn gratis

Wanneer

zondag 15 juli 201813.00 – 14.00 uur
15.00 – 16.00 uur

Oudebildtdijk 487
9076 GP St.… Lês fierder

Teleks: ‘De lytse prins’ yn it East-Frysk

logo.ensafh

It berneboek Le petit prince fan Antoine de Saint-Exupéry is ien fan ‘e meast oersette boeken fan ‘e wrâld. Utsoarte binne der ek Fryske en Nederlânske ferzjes fan, krekt lykas oersettings yn it Sealterfrysk en it Noardfrysk.

Underwizeres Antje Lübben fan it eilân Norderney hat it boek no yn it East-Fryske Platdútsk oerset. Dêryn hyt it De lüttje Prins. It is útjûn troch Tintenfass, dat in soad taalferzjes fan it boek yn syn fûns hat.

Lês fierder by It Nijs

Noat redaksje ensafh: Jacobus Q. Smink hat ‘De lytse prins‘ yn it Westlauwersk Frysk oersetten.Lês fierder

Teleks: 63 ynstjoeringen foar Rely Jorritsmapriisfraach

logo.ensafh

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach 2018 binne 63 ynstjoeringen ynkommen, t.w. 36 gedichten en 27 ferhalen. De sjuery, besteande út Tryntsje van der Steege (foars.), Karin Bies en Douwe Kootstra bûcht har oer de rike rispinge, de útslach wurdt ein july ferwachte, it feest fan de priisútrikking is lykas wenst de earste sneon fan oktober. Ensafh bringt wer in Relynûmer út mei de bekroande ynstjoeringen en it sjueryrapport.

BoarneL FLMDLês fierder

Teleks: Dokumintêre ‘Yn dit lânskip leit myn libben’ op NPO2 en Omrop Fryslân

logo.ensafh

Nije wike is de dokumintêre ‘Yn dit lânskip leit myn libben’ te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân. Sneon 14 july om 15.30 oere en snein 15 july om 13.00 oere op NPO2. De film is yn 2018 ek alle dagen te sjen by Tresoar yn de GJ-seal.

​De film giet oer de hjoeddeiske en eardere makkers fan Fryske literatuer.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder