Teleks: Eksposysje oer Joast Halbertsma yn Museum Hert fan Fryslân, Grou

logo.ensafh

Wrâldboarger út Grou, eksposysje oer Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en syn ynternasjonale ynteresses, te sjen fan 1 april o/m 30 novimber 2018 yn Museum Hert fan Fryslân yn Grou.

Joast, menistedûmny en taalgelearde, wie ien fan de fjouwer soannen fan de famylje Halbertsma. Dy famylje wenne al foar 1800 yn Grou. Hy studearre teology oan it menisteseminaarje yn Amsterdam en waard dêrnei predikant yn Boalsert (1814-1821) en letter yn Dimter. Mei syn bruorren Tsjalling en Eeltsje hat Joast him ynset om de Fryske taal mear sprekke te litten. Dêrtroch binne de bruorren yn Fryslân, en foaral yn Grou, ferneamd.

Joast hold him neist de Fryske taal – hy wie ûnder oare de skriuwer fan it earste Frysk wurdboek – ek dwaande mei it bestudearjen fan kultueren.… Lês fierder

Aginda 21-06-18 Lunsjlêzing Bas Hesselink: ‘Friese cultuur in boek en prent door een niet-Fries’

logo.ensafh

21-06-2018 12:00-01:30

​Elke tredde tongersdei fan de moanne organisearje Tresoar en De Culturele Onderneming in lunsjlêzing yn Ljouwert. Kom yn de kunde mei allerhande nijsgjirrige ûntwikkelingen en ûndersiken fan universiteiten, hegeskoallen en oare organisaasjes yn Fryslân. Op 21 juny wurdt de lêzing jûn troch Bas Hesselink, ekspert by Tussen Kunst en Kitsch. It ûnderwerp fan de lêzing is ‘Friese cultuur in boek en prent door een niet-Fries.’
Programma
12.00 ynrin
12.30 lêzing
13.15 fragen
13.30 ein

Reservearje
Graach reservearje op:
info@tresoar.frl/0587890740/0587890792

De lêzing is fergees.
Gebrûk meitsje fan de lunsj (2 broadsjes + 1 konsumpsje foar €3,00)? Dan dit graach apart fermelde.… Lês fierder

Teleks: De nacht fan Mare bekroand mei Rink van der Veldepriis 2018

logo.ensafh

De nacht fan Mare bekroand mei Rink van der Veldepriis 2018

De Rink van der Veldepriis 2018 is freed 15 juny útrikt oan skriuwer Willem Schoorstra foar syn roman De nacht fan Mare. De oarkonde, de jildpriis en in byld fan Anne Woudwijk is him by de skriuwersarke fan Rink oerlange op de Feanhoop.

De foarsitter fan de sjuery, Janny Bottema, priizge it boek û.o. om syn byldzjende en poëtyske skriuwstyl, dy’t bytiden ek ‘rjocht foar de raap is’. As je ien kear begûn binne te lêzen, lit it ferhaal je net mear los. Neffens de sjuery behearsket Willem Schoorstra de Fryske taal oant yn syn fingerseinen.… Lês fierder

Teleks: ‘Leaf wurdboek’ winnend gedicht wedstriid Fryske Akademy

logo.ensafh

De Fryske Akademy rikt fannemiddei (09-06-18 red. ensafh) tusken 13.00-14.00 de prizen út oan de winners fan de gedichtewedstriid dy’t earder dit jier útskreaun waard yn it ramt fan Lân fan taal/Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

De twa dichters dy’t in twadde priis, in vvv-bon mei in wearde fan 50 euro, wûn hawwe binne: Lomme Schokker foar syn gedicht ‘akademysk petear’ en Frits Boschma foar ‘Tafallige moeting…….’. It winnende gedicht fan de haadpriis is fan Harmen Houtman: ‘Leaf wurdboek’. Houtman wint dêrmei in dinerbon mei in wearde fan 100 euro.

Op de oprop foar gedichten, krige de Fryske Akademy in 64 ynstjoerings.… Lês fierder