Teleks: Frysk Dichterskollektyf kiest nije namme: RIXT

logo.ensafh

FRYSK DICHTERSKOLLEKTYF KIEST NIJE NAMME

It kollektyf Dichters fan Fryslân hat in nije namme. De groep fan yntusken hast fjirtich dielnimmende dichters giet troch ûnder de namme RIXT Frysk Dichterskollektyf. Mei dizze namme ferneame se ien fan Fryslâns grutste dichteressen (Rixt, 1887-1979). Hjoed giet ek de webside fan RIXT online: www.rixt.frl

Op de nije webside, dy’t mei mooglik makke waard troch finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân, presintearret RIXT him mei in grutte groep dichters en in grut ferskaat oan gedichten. Der is ek in oersicht te finen fan de útgongspunten fan it kollektyf en de projekten/aksjes dêr’t it kollektyf oan meidocht.… Lês fierder

Teleks: Poëtyske keatsbelibbing by Tresoar

logo.ensafh

Poëtyske keatsbelibbing by Tresoar

As ûnderdiel fan Lân fan Taal is der yn Tresoar fan 4 juny ôf in ‘poëtyske keatspresintaasje’ te sjen.

Op in twatal grutte LED-skermen wurde fertrage close up opnames fan keatsers fertoand. Se wurde ôfwiksele mei bylden fan keatspublyk en keatspoëzy/keatstaal.

Doel fan de presintaasje is om op in oare, mear poëtyske wize, te genietsjen fan dit unike aspekt út de Fryske kultuer. De presintaasjes binne betocht troch gastkonservator Frank den Oudsten. Unbekend mei de sport hat hy earst in oantal wedstriden besocht en dêrnei mei in kameraploech opnamen makke by de trainingen fan keatsteam Puur Passie, by de Keats-off foar de PC fan 2017 en by de Frouljus PC.… Lês fierder

Teleks: Hanneke de Jong skriuwt it Aksjeboek foar Bern 2018

logo.ensafh

Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Hanneke de Jong it Aksjeboek foar Bern 2018, de yllustraasjes sille makke wurde troch Linda de Haan. It wurdt in boek foar bern yn de ûnderbou, geskikt om foar te lêzen of om sels te lêzen. It boek slút oan by it tema Freonskip fan de Berneboekewike 2018. It Aksjeboek sil yn de perioade fan 29 septimber oant en mei 31 oktober te keap wêze foar de aksjepriis fan € 4,95 en wurdt útjûn troch útjouwerij Bornmeer.

Oer de skriuwer en yllustrator: Hanneke de Jong (1952) skriuwt berne- en jeugdboeken yn it Frysk en it Nederlânsk, lykas De lêste brief/De laatste brief (2001, mei in earfolle fermelding fan de ‘Zoenjury’), Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen/Dertien dagen om een spetterend feest te organiseren (2013, Simke Kloostermanpriis), Wês net bang (2016, it wier barde ferhaal oer in santjinjierrich famke dat flechtet út Syrië fanwege de oarloch) en Heksegrytta (2017).… Lês fierder

Teleks: Famylje wiis mei rehabilitaasje Sjouke de Zee

logo.ensafh

Hy hat hiel wat út de wei setten en hat fan grutte betsjutting west foar Fryslân, mar hy is kwalik bekend: Sjouke de Zee fan Jirnsum. No’t it LF2018 evenemint “Jirn-summertime” wiidweidich omtinken jout oan him, wurdt der einliks rjocht dien oan Sjouke de Zee. Syn pakesizzer, ek in Sjouke de Zee, is der tige wiis mei. “No is it syn beurt”.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 08-06-18: Poëzij & Beiaardmuzyk op it iuwenâlde kariljon fan Ljouwert

logo.ensafh

Op vrijdagavond 8 juni vanaf 19.30 uur vindt een heel bijzonder concert & poëzievoordracht plaats in het hart van Leeuwarden. De door Friese componisten geschreven nieuwe beiaardmuziek wordt uitgevoerd op het eeuwenoude carillon (bouwjaar 1540) dat deel uitmaakt van het Gemeentehuis van Leeuwarden. Vijf dichters dragen elk hun eigen gedicht voor, geschreven in een van de streektalen van Friesland.

Deze componisten doen mee:

Cees Hiep
Joseph J. Visser
Hoite Pruiksma
Pieter Bakker
Feike van der Zee

Deze dichters doen mee:

Cornelis van der Wal
Hein Jaap Hilarides
Aggie van der Meer
Henk Nijp
Tsjisse Hettema en Aafje Brouwer

Beiaardier is Vincent Hensen, stadsbeiaardier van Leeuwarden voor het jaar 2018.… Lês fierder