Teleks: Wa binne nominearre foar de Rink van der Veldepriis?

logo.ensafh

Proazaskriuwers Geart Tigchelaar, Willem Schoorstra en Nyk de Vries komme mei harren lêste romans yn’e beneaming foar de Rink van der Veldepriis 2018.

Geart Tigchelaar makket gading mei syn boek Bêste jonge, Willem Schoorstra mei De nacht fan Mare en Nyk de Vries mei Renger. Dat boek ferskynde al yn 2016 en kaam suver tagelyk út yn it Frysk en it Nederlânsk.

Lês fierder by de Ljouwerter Krante

Lês fierder

Teleks: Gjin Slauerhoffpoëzypriis dit jier; te min ynstjoeringen

logo.ensafh

Om’t der te min ynstjoeringen binne, hat it bestjoer fan Stichting Herdenking J.J. Slauerhoff it beslút naam om de útrikking fan de Slauerhoffpoëzypriis 2018 ôf te sizzen. De wedstriid foar jongerein tusken 12 en 18 jier wurdt ien kear yn de twa jier hâlden. Mar foar dit jier binne der te min ynstjoeringen om de priis útrikke te kinnen.

De organisaasje hopet yn 2020 genôch bydragen binnen te krijen.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Aginda 14-04-18: Presintaasje Citybook Arjan Hut

logo.ensafh

PRESINTAASJE CITYBOOK 14 APRIL

Takom wike Saterje, 14 april, presintearje ik jûns op it Taletúnfestival yn Ljouwert myn Citybook “Ik hâld fan in lûd fan in trein yn de fierte”. It is basearre op in pear fan myn Faceboekteksten oer de buert.

Sjonger en muzikant Wiebe Kaspers ha ik frege om my dêrby te helpen en hy hat ja sein! No hoopje ik dat jim ek allegear komme, dan wurdt it fêst hiel gesellich.

(In ‘Citybook’ is in ferhaal of rige gedichten oer in stêd, mei in maksimale foarlêstiid fan 30 minuten. Nei Hassan Blasim (Irak) en Erik Vlaminck (België) bin ik troch it Vlaams-Nederlands Huis deBuren as ynheemske skriuwer frege ek sa’n ferhaal oer Ljouwert te skriuwen.

Lês fierder

Teleks: Eeltsje Hettinga: Opmerkelijk dat Friese culturele organisaties en bestuurders zich niet uitspreken over corrupt Malta

logo.ensafh

Omrop Fryslân, waarmee de afspraak bestond dat DfF-gedichten op dezelfde dag zouden worden gepubliceerd als de LC en het FD, liet het helaas afweten.

Ook het aanbod aan de Omrop om dan slechts een audio-opname van het gedicht te doen – ik wil daarvoor wel even op de fiets langskomen – haalde het niet. Jammer, van alles kwam uiteindelijk niets.

Lês fierder by LiwwaddersLês fierder

Teleks: Fryske skriuwer Joop Boomsma ferstoarn

logo.ensafh

De skriuwer Joop Boomsma is woansdei ferstoarn. Boomsma wie in alsidich man. By it grutte publyk wie er benammen bekend fanwege syn Fryske misdiedromans en syn ferhalen. Mar hy levere ek bydragen oan tydskriften en kranten, en hy publisearre dichtbondels. Dêrnjonken skreau er toanielstikken foar jongerein. Boomsma kaam as earste Fryske skriuwer mei in webloch.

Boomsma is 72 jier wurden. Syn útfeart is tiisdei yn it krematoarium yn Goutum.

Boarne: Omrop Fryslân

Lês fierder

Teleks: Letterhoeke jiergong 14 (2018), nr 1 ferskynd

logo.ensafh

Letterhoeke

‘​Yn juny 2005 ferskynde it earste nûmer fan Letterhoeke, it trije kear yn it jier ferskinende periodyk fan Tresoar. Letterhoeke is te beskôgjen as opfolger fan Op ‘e hichte, De oanbring en Ut ‘e hoeke, de tydskriften fan de fúzjepartners dy’t yn Tresoar opgien binne.
Letterhoeke wurdt tastjoerd oan relaasjes, oan de Freonen fan Tresoar en publisearre op dizze webside. Hjirûnder fine jo de ynhâldsopjefte fan de oant no ta ferskynde nûmers en de links (dy’t iepene wurde yn in nij finster).’

Jiergong 14 (2018), nr 1

Lês hjir fierder

Lês fierder

Aginda 19-04-18: Temagearkomste Skriuwersboun oer skriuwen foar toaniel

logo.ensafh

Frysktalich teater en Fryske literatuer: bring se tichter byelkoar!

Temagearkomste Skriuwersboun oer skriuwen foar toaniel

Op tongersdei 19 april sil it Skriuwersboun in temagearkomste wije oan de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer. Wy wolle graach in oantrún jaan om de kreative kontakten tusken skriuwers en toanielmakkers yn Fryslân te fersterkjen. De jûn is útdruklik ek bedoeld foar elkenien dy’t yn Fryslân mei teater dwaande is en foar elk dy’t foar toaniel skriuwt of skriuwe wolle soe.

Anja Steegstra en Tjerk Kooistra sille ynliedings jaan oer harren ûnderfinings mei it skriuwen foar toaniel.

Nei harren fyzje op tekst en toaniel kin dêr op reagearre en fierder oer harsensskrabe wurde.… Lês fierder