Teleks: Rink van der Veldepriis en begjin seizoen Skriuwersarke kombinearre

logo.ensafh

Rink van der Veldepriis en begjin seizoen Skriuwersarke kombinearre

De útrikking fan de Rink van der Veldepriis en de ôftraap fan it seizoen fan de Skriuwersarke op De Feanhoop fine dit jier plak op freed 15 juny. De inisjatyfnimmers de gemeente Smellingerlân, de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en It Fryske Gea sette dat mei-inoar op priemmen.

Oanlieding

De oanlieding foar de gearfoeging is it fertrek fan  Friese Perse Boekerij út de organisaasje fan de Rink van der Veldepriis; de útjouwerij gong fallyt. De stifting FLMD dy’t alle simmerskoften de Skriuwersarke fan It Fryske Gea hiert en beskikber stelt oan skriuwers, hie al earder oanjûn yn de organisaasje fan de literatuerpriis behelle te wurden.… Lês fierder

Teleks: Obe Postma in rapper avant la lettre

logo.ensafh

De Fryske dichter Obe Postma (1868-1963) wie in rapper avant la lettre. Dat die bliken doe’t komponist Sjoukje N Visser spesjaal foar dizze wike in muzikale beat makke by in lûdopname fan Obe syn foardracht fan it gedicht ‘Ein’ (1935). De bylden fan de dichter komme út it Frysk Film Argyf en binne makke troch Klaas Mol, dy’t de gasten by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis ein jierren 40 yn Boalsert filme.

Lês fierder

Aginda 23 o/m 26-04-18: 2e Dagen fan ‘e Fryske Letterkunde

logo.ensafh

It grutte Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities) yn Stedsskouboarch De Harmonie wijt trije dagen oan de stúdzje fan literatuer yn ’e Fryslannen. Fan moandei 23 o/m woansdei 25 april biede de Twadde Letterkundedagen in ferskaat oan lêzingen fan sprekkers dy’t foar de helte út it bûtenlân komme, foar in fjirdepart út Fryslân en in fjirdepart út oare parten fan Nederlân.

Op ’e Letterkundedagen binne lêzingen te folgjen oer û.o. Joast Halbertsma (Alpita de Jong, Jonathan Roper), identiteitskonstruksje yn it wurk fan Waling Dykstra (Abe de Vries), de Noardfryske fertelliteratuer nei 1945 (Wendy Vanselow), de Fryske kolleksjes yn ’e British Library en Oxford (Marja Kingma, Johanneke Sytsema), skientme en dea yn ’e Fryske poëzij (Alyda Faber) en Fryske literatuer út in Sintraal-Europeesk perspektyf wei (Wilken Engelbrecht).… Lês fierder

Aginda 20 o/m 21-04-18: Nacht fan de Filosofy

logo.ensafh

April is de Moanne fan de Filosofy en yn dat ramt wurdt yn Ljouwert op sneon 21 april alwer de alfde edysje fan de Nacht fan de Filosofy Fryslân holden. Dit jier op in bysûndere nije lokaasje, nammentlik yn de Blokhúspoarte, de eardere finzenis yn Ljouwert. It tema is ‘Ferbylding oan de Macht’.

Oer it tema
Minsken stelle harsels graach sintraal, as middelpunt fan it hielal of as kroan op de skepping. Us ideeën en ferbylding hawwe ús fier brocht. Mar binne wy de iennigen dy’t ús in foarstelling foarmje kinne oer omjouwing, takomst en alternativen? Wy libje yn in omjouwing dy’t wy tinke te beynfloedzjen, of is dat mar ynbylding en wurde wy bepaald troch de wrâld om ús hinne?… Lês fierder

Teleks: Nij Frysk blêd fan de Ried rint fertraging op

logo.ensafh

Op 3 novimber komt de Ried fan de Fryske Beweging mei syn nije publyksblêd. Dat soe eins begjin dit jier al, mar troch problemen mei ûnder oaren de finansiering is dat oant no ta net slagge. It nije blêd moat yn it plak komme fan de Swingel, it eardere blêd fan de Ried. Ein ferline jier waard de stekker lutsen út dat blêd om’t der te min belangstelling foar wie. Dat kaam ûnder oaren om’t it allinnich mar rjochte wie op de Fryske taal. It nije blêd moat wat rommer fan opset wurde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder