Aginda 05-04-18: Presintaasje gedichtebondel Poetic Potatoes

logo.ensafh

Dat momint is foar de lêste kear de ôftraap foar it projekt Poetic Potatoes. Dat projekt heart by Potatoes go Wild, ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. It programma mei aktiviteiten fan Potatoes go Wild duorret oant 6 jannewaris 2019 en wurdt organisearre troch Stichting De Bildtse Aardappelweken.

Gedichtebondel Poetic Potatoes
De organisaasje bringt in meartalige bondel út mei in grut tal fan de yn Fryslân en Malta skreaune gedichten, artikels en resepten. De útjefte wurdt op tongersdei 5 april presintearre yn it talepaviljoen MEM fan Lân fan Taal. Fan 1 oant en mei 8 april stiet dêr de Biltske taal en kultuer sintraal.… Lês fierder

Teleks: Willem Schoorstra skriuwt Frysk kadoboek 2019

logo.ensafh

Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Willem Schoorstra it Frysk Kadoboek 2019. Schoorstra (1959) krige yn 2005 de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels. Neist it skriuwen fan romans hâldt er him dwaande mei senario’s, radiokollums (Omrop Fryslân) en essays.

Letter dit jier wurdt it iepenloftspul Rêdbâd yn de teatertún fan Broeksterwâld opfierd. Dat is basearre op syn roman Rêdbâd – kronyk fan in kening. Fan dat boek ferskynt fan ’e maitiid in Nederlânske oersetting en in werprintinge fan de Fryske ferzje.

Bekende boeken fan Willem Schoorstra binne syn romans Swarte Ingels (2004), Rêdbâd (2011) en Pier, de profesij fan bline Simen (2015).

Lês fierder

Aginda 30-03-18 o/m 01-04-18: Iepening Taletún & Talepaviljoens

logo.ensafh

Yn it Peaskewykein wurdt in nij part fan Lân fan taal offisjeel iepene yn de Prinsetún fan Ljouwert: de Taletún mei de twa nije paviljoens MeM – Livingroom of Languages fan de Afûk/BUOG en paviljoen ‘Liwwadders’ fan Historisch Centrum Leeuwarden mei partner DNALWD2018. Ek de Aldehou is fan freed 30 maart ôf wer tagonklik foar publyk. Fan sneon 31 maart ôf is alles iepen foar publyk en is elkenien fan herte wolkom! It programma foar dit ekstra lange wykein fynst hjirûnder.



FREED/VRIJDAG 30 MAART

13.30-16.00 oere/uur
Offisjele iepening fan de Aldehou, Liwwadders en MeM foar gasten.
// Officiële opening van de Oldehove, Liwwadders en MeM voor genodigden.… Lês fierder

Aginda 30-03-18: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 01-04-18: Poëtyske klankreis

logo.ensafh

Sssstt…
Harkje en reizgje mei op ferskate klanken…, yn in sfearfolle ambiance yn Tresoar.

Underfyn, lizzend of sittend, de klanken fan de Fryske taal en belibje in inerlike reis.

Peaskesnein 1 april 16.00- 17.00 oere
Tagong 5,- ynklusyf tee/kofje mei wat lekkers
Opjefte mei fia info@tresoar.nl, fol is fol
Mei meiwurking fan dichter/skriuwer Geart Tigchelaar en Sylvia Zijlstra, klanken.… Lês fierder