Aginda 21-03-18: Presintaasje jeugdboek ‘Swarte swan’

logo.ensafh

By Utjouwerij Hispel komt nije wike woansdei yn Fryske oersetting it jeugdboek Swarte swan (Ned. Zwarte zwaan) fan Gideon Samson út. Jeugdboeken yn it Fryske binne der mar in bytsje. Dizze útjefte is dêrom foar de oanbelangjende groep lêzers (learlingen fuortset ûnderwiis) tige wolkom. It boek is oerset troch de betûfte oersetter Geart Tigchelaar en sil nije wike woansdei (21 maart) presintearre wurde op it Dockingacollege yn Dokkum (yn Havûklassen).

Tiid: 12:30-13:10. Presintaasje Jelle Bangma.

 … Lês fierder

Aginda 25-03-18: Presintaasje ‘famke fan snie’ fan Paul van Dijk

logo.ensafh

Paul van Dijk op Favebook:

‘Bin bliid dat ik jim it omslach fan myn dichtbondel sjen litte kin!
FAMKE FAN SNIE is de titel. Sûnt it ferstjerren fan ús dochterke haw ik der oan wurke.
Dizze bondel is dan ek skreaun foar har.

De dichtbondel ferskynt op 25 maart en is dêrnei te krijen by de measte boekwinkels yn Fryslân.

De bondel wurdt op 25 maart presintearre yn Warkum. Hoek van de stal, súd 154, om 15.00 oere.
De middei sil in cross-over wurde fan myn gedichten, mei eigen muzyk.
Jitske Draijer sil dy middei it foarprogramma fersoargje.

Do bist útnûge!… Lês fierder

Teleks: Griet Op de Beeck lûkt soad minsken nei Frysk Boekefeest

logo.ensafh

Op it Frysk Boekefeest yn Ljouwert kamen sneontejûn in pear hûndert besikers ôf. In protte minsken kamen spesjaal nei it Schaaf City Theater foar de Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck. Sy is bekend fan ûnder oare ‘Vele hemels boven de zevende’ en ‘Kom hier dat ik u kus’. Foarôfgeand oan de lêzing fan Op de Beeck wie der in diskusje oer it tema ‘froulju yn de literatuer’ mei fiif Fryske skriuwsters: Elske Schotanus, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma en Jetske Bilker.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Fryske boekenwrâld skrikt fan íén stjer foar Griet Op De Beeck (jûn yn Sealen Skaaf)”

logo.ensafh

Oei, it boekewikegeskink ‘Gezien de feiten’ krige juster yn de Volkskrant mar ien stjer: “Griet Op De Beecks Boekenweekgeschenk is ondermaats: dit is geen propaganda voor het Nederlandse boek.” Mei tank oan de Limburger dy’t ek ien stjer joech, krige it boek, by elkoar opteld, twa stjerren ? Ek oare resinsinten – De Groene, NRC, De Morgen – blike net mijen. By my ropt soks de fraach op: Wêrom is it boek eins yn it Frysk oerset? ‘Sa’t it lân derhinne leit’ is de Fryske titel. Sa leit it lân der dus hinne …

Tekst Elske Schotanus op Facebook. Boarne: LiwwadersLês fierder

Aginda 11-03-18: Muzikale premjère fan Tsjêbbe Hettinga’s ‘Frjemde Kusten’

logo.ensafh

Het Colori Ensemble geeft zondag 11 maart twee concerten waarbij Tsjebbe Hettinga’s gedicht ‘Frjemde Kunsten’ centraal staat. Het concert vindt om 13.30 en 16.00 uur plaats in De Hofkamer.

De nieuwe muziek van Leeuwarder componist Jochem le Cointre is tijdens deze première te horen met een audio-opname van Hettinga’s eigen stem.

Tijdens zijn studie in New York zette Le Cointre ‘Frjemde Kusten’ op muziek. Bij een cursus ‘vreemde talen’ aan het conservatorium overrompelde Hettinga’s gedicht de toehoorders, ondanks het feit dat de Amerikanen de taal niet spraken.

De klanken van de Friese poëzie sprak zo tot ieders verbeelding, dat Le Cointre op zoek ging naar de muzikale vertolking van die klanken: de Friese ‘seewyn’, ‘misthoorns’ en ‘gjalpen fan seefugels’.… Lês fierder