Teleks: Wegen skiede by aksjegroep Sis Tsiis

logo.ensafh

De actiegroep Sis Tsiis gaat op twee sporen verder. Eén groep houdt zich vooral bezig met de mensenrechtenstrijd, de anderen richten zich op actie voeren.

Piter Dijkstra, woordvoerder van de actievoerders, stelt dat er wel verschil in visie is, maar geen ruzie tussen de groepen. Ze zaten woensdag nog gezamenlijk bij de statencommissie waar het Taalplan Frysk werd besproken. ,,Mar wy wolle frij aksje fiere kinne. De oare groep is wat foarsichtiger. Dy wolle in goeie relaasje mei de provinsje hâlde.’’

Lês fierder by de LCLês fierder

Teleks: Dichtwedstriid Fryske Akademy

logo.ensafh

Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 skriuwt de Fryske Akademy in dichtwedstriid út. De gedichten meie gean oer de Fryske Akademy, oer harren meiwurkers, wittenskippers, útstrieling, oer wat de Fryske Akademy docht, it gebou, de tún, of wat ien mar mear betinke kin. Om’t LF2018 ek om Fryslân giet, meie der ek gedichten ynstjoerd wurde dy’t dêroer geane en fansels mei ien en oar ek kombinearre wurde.

Sjoch foar mear nformaasje by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Dit binne de gadingmakkers foar de Streektaalpries 2017

logo.ensafh

It Dagblad van het Noorden hat de gadingmakkers buorkundich makke foar de Streektaalpries fan 2017. Dy wurdt útrikt foar de bêste streektalige produksje yn twa kategoryen: proaza en poëzij is de foarste, muzyk en toaniel is de twadde.

Yn ‘e kategory proaza en poëzij binne Jannie Boerema mei Leeive Lieve Eva, Rouke Boersma mei Drentse Letteren en Leny Hamminga mei Lena yn ‘e ommenaasje foar de priis.

Op it mêd fan ‘e muzyk en toaniel binne de gadingmakkers Harm en Roelof mei de cd Daor stiet je fiets, teatergroep Waark mei Menalda vetes en Krzysztof Groen mei Noar de volgende ronde.… Lês fierder

Aginda 10-03-18: Boekefeest yn Sealen Schaaf

logo.ensafh

Ta gelegenheid fan de start fan de Nederlânske boekewike en de feestlike presintaasje fan it boekewikegeskink yn it Frysk organisearret de Afûk yn gearwurking mei Van Der Velde Boeken in boekefeest yn Schaaf City Theater yn Ljouwert. De jûn begjint om 19.30 oere.

Haadgast is Griet Op de Beeck. Fierder wurkje mei Jetske Bilker, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma, Elske Schotanus en Wendy Kennedy. De muzyk wurdt fersoarge troch Radio Barkas.

Kaarten foarferkeap €7,50 by boekhannel Afûk / Van Der Velde Boeken / Bibliotheek Leeuwarden of online fia www.afuk.nl. Oan de kassa €10,00.

Boarne: Facebookside fan de AfûkLês fierder

Teleks: Fleanende start animaasjefilm ‘Woesj’

logo.ensafh

Fleanende start animaasjefilm ‘Woesj’

Op freed 16 febrewaris giet de animaasjefilm ‘Woesj’ yn premjêre by it Natuurmuseum Fryslân. Yn ’e hjerst fan 2016 kaam it printeboek ‘Wapper’ út as it tritichste ‘Aksjeboek foar bern’, makke yn opdracht fan Tresoar ta gelegenheid fan SWALK Frysk op toernee. Dêrnei binne de makkers Yke Reeder en Sytse Jansma tegearre mei Akke Antje Hettema lâns alle trettjin dielnimmende skoallen út it spesjaal ûnderwiis fan Fryslân west mei in teatrale fertelling fan it boek. Nei ôfrin gongen de bern sels oan ´e slach en makken se harren eigen ‘Wapper’ fan papier. Dizze kreaasjes binne no allegear troch Sytse Jansma ferwurke yn de koarte animaasjefilm ‘Woesj’.… Lês fierder

Teleks: Nijntje no ek oerset nei it “Leewaddes”

logo.ensafh

Tweintich jier nei de oersetting fan Nijntje nei it Frysk is it berneboekje der no ek yn it “Leewaddes”. It boekje Opa en Opoe Plús is oerset troch Ljouwerter Anne Feddema en waard freedtemoarn presintearre yn it bernesintrum Trianova yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. De dochter fan Feddema, Femke, lies it foar oan de pjutten fan it bernesintrum. En dy fûnen it prachtich, ek al sieten der gjin échte “Leewaddes” by.

Utjouwerij Bornmeer hat Nijntje yn 24 streektalen útbrocht en dêr binne 250.000 eksimplaren fan ferkocht. Fan Opa en Opoe Plús binne 1.500 boekjes drukt en dy binne fan freed ôf te krijen.

Lês fierder