Teleks: Finster op Fryslân krijt provinsjale stipe foar dit jier

logo.ensafh

De provinsje stipet it sjoernalistike gearwurkingsferbân ‘Finster op Fryslân’ foar dit jier mei in subsydzje fan 280.000 euro. It jild is bedoeld foar sjoernalistike produksjes, dêr’t de minske sintraal yn stiet. Neffens deputearre Sietske Poepjes moatte de produksjes yn byld bringe wat de gefolgen fan politike beslútfoarming foar de ynwenners binne. ”It giet om it nijs efter it nijs”, seit Poepjes.

Finster op Fryslân is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad en bestiet sûnt 2015.

Boarne: Omrop Fryslân

Lês fierder

Teleks: Twa debútromans oankundige op de jiergearkomste fan de KFFB

logo.ensafh

Sneon 20 jannewaris hold de KFFB, de iennichste Fryske boekeklub, har jierlikse ledegearkomste yn in seal fan de Kuriostsjerke yn Ljouwert.
In noflike byienkomst dy՚t opfleure waard troch de Jiddyske Sjongploech Samoosara. Tusken de agindapunten troch brochten se moaie ferskes en fertelden boppedat smoute ferhalen.

Bestjoersferkiezing: Martsje de Jong fan Bitgum komt yn it bestjoer.

Foar dit jier bringt de KFFB wer trije romans út.

Yn febrewaris komt it twadde boek fan de jonge skriuwer Jan Minno Rozendal út: De fluchste blanke. In roman, skreaun nei oanlieding fan it tragyske libben fan de Nederlânske sprintkampioen Tinus Osendarp.

Yn juni komt de debútroman fan de Kollumer Jikke Olivier út: Skuld.… Lês fierder

Teleks: Lida Dijkstra als Schoolschrijver geïnstalleerd

logo.ensafh

Woensdag is Lida Dijkstra officieel begonnen als Schoolschrijver op OBS het Vogelnest in Heerenveen.

Leerlingen uit de groepen 3, 4 en 5 én Lida zelf speelden haar boek “Tien kleine heksjes” na op het podium van het Binnenhof van de school, voor alle leerlingen, ouders en leerkrachten. Steeds verdwijnt er een heksje, maar gelukkig komt heksenmoeder Lida tevoorschijn en tovert alle heksjes terug.

Lês fierder by GrootHeerenveenLês fierder

Teleks: ‘Yn dit lânskip leit myn libben’ op NPO2 en Omrop Fryslân

logo.ensafh

Kommend wykein is de dokumintêre Yn dit lânskip leit myn libben te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân. Sneon 27 jannewaris om 15.30 oere en snein 28 jannewaris om 13.00 oere op NPO2 en op snein 28 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.

De film giet oer de hjoeddeiske en eardere makkers fan Fryske literatuer. Mei de Fryske taal as ark skriuwe súksesfolle Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma op in idyllyske lokaasje in brief oer harren persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer. Se binne te gast yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op ’e Feanhoop.… Lês fierder