Aginda 25-01-18: Gedichtedei Dokkum mei Dongeradichter Tsead Bruinja en Iepen Poadium

logo.ensafh

Donderdag 25 januari vindt in Dokkum de jaarlijkse ‘Receptie voor het Gedicht ‘plaats. De Gedichtendag is het poëziefeest in Nederland en Vlaanderen. Ieder jaar op de laatste donderdag van januari staat de poëzie een dag lang in het zonnetje.

Onder het genot van een hapje en een drankje kan iedere belangstellende luisteren naar Dongeradichter Tsead Bruinja. Ook leerlingen van het Piter Jelles College zullen zelf geschreven gedichten voordragen. Eens in de twee jaar wordt een Open Podium gehouden. Dit jaar is het podium opnieuw beschikbaar voor poëzieliefhebbers. Stichting Dongeradichter roept bekend, maar ook onbekend talent in de gemeente op tijdens de ‘Receptie voor het gedicht ‘gebruik te maken van het Open Podium om een eigen gedicht voor te dragen.… Lês fierder

Teleks: Direkteur Brand fan FA leit bestjoerlike taken del

logo.ensafh

Folgjend op de resinte ûntjouwingen binnen de Fryske Akademy hat de Ried fan Tafersjoch yn oerlis mei direkteur-bestjoerder Hanno Brand besletten dat lêstneamde syn bestjoerlike taken mei yngong fan moandei 15 jannewaris 2018 delleit en dat de koartlyn oanstelde prosesbegelieder dy taken fan dyselde datum ôf as ynterim-bestjoerder waarnimt.

Lês fierdr by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Libbensgrutte projeksjes op Aldehou yn hiel 2018

logo.ensafh

De Aldehou yn Ljouwert is yn 2018 it dekôr foar libbensgrutte projeksjes. Fjouwer kear giet in multydissiplinêr, meartalich fideokeunstwurk yn premjêre. De projeksjes binne alle tongersdei- oant en mei sneintejûnen fergees te sjen, fan 1 febrewaris oant en mei 25 novimber. De begjintiid is ferskillend, ôfhinklik fan it stuit dat de sinne ûndergiet.

Lân fan taal, grut programmaûnderdiel fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa, hat dêrta opdracht jûn oan fjouwer ferskate kombinaasjes fan Fryske en oarstalige komponisten, taalkeunstners, muzikanten, filmers en fideokeunstners. Under harren binne Herman van Veen, Rodaan Al Galidi en Tsead Bruinja. Troch op it plein krêftige projektoaren en speakers del te setten, wurdt elke projeksje in totaalbelibbing.… Lês fierder

Teleks: Tresoar siket aventoerlike skriuwer  (m/f)!

logo.ensafh

Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden siket Tresoar nei in Fryske skriuwer dy’t de útdaging oandoart om acht wiken lang yn Ierlân te wenjen en te wurkjen.

It projekt Other Words/Oare Wurden is in ynternasjonaal literêr útwikselingsprojekt. Doel is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse- en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge en Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt. Earder ferbleaune der ek al Fryske skriuwers yn San Sebastián (Baskelân), Bitola (Masedoanië) en Maribor (Slovenië). Ek ferwolkomme Ljouwert al fjouwer bûtenlânske skriuwers.

Hjoed begjint de seleksjeproseduere foar it folgjende ferbliuw: in Fryske auteur mei yn de simmer fan 2018 acht wiken nei Dublin (Ierlân) om ynspiraasje op te dwaan, te (net)wurkjen en diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten.… Lês fierder

Teleks: Achtste edysje fan De Skoalskriuwer set 22 jannewaris útein

logo.ensafh

Fan moandei 22 jannewaris 2018 ôf krije fyftich basisskoallen ferspraat troch hiel Nederlân in healjier in Skoalskriuwer yn ’e klasse. Dêrmei wurde goed 11.000 bern berikt. 48 Skoalskriuwers sille mei de learlingen oan ’e slach en stimulearje harren yn it lêzen en kreatyf skriuwen.

Yn Amsterdam, Rotterdam, Noard-Brabân, Fryslân, Grinslân en foar it earst yn de regio’s Limburch, Schiedam en De Haach, starte berneboekeskriuwers lykas Tialda Hogeveen, Janny van der Molen, Arend van Dam, Maren Stoffels, Bies van Ede en Lydia Rood op harren skoalle. It yntinsive trajekt is in programma wêrby’t de Skoalskriuwe him of har in heal skoaljier ferbynt oan in basisskoalle mei in heech persintaazje bern mei in taalefterstân.… Lês fierder

Aginda 25-01-18: Lêzing oer Joast Halbertsma en syn Lexicon Frisicum

logo.ensafh

Yn it ramt fan Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ’e moanne hâldt dr. Anne Dykstra op 25 jannewaris yn it Provinsjehûs in lêzing oer Joast Halbertsma en syn Lexicon Frisicum.

Oer de lêzing

Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) is foaral bekend fan de Rimen en Teltsjes, dy’t er mei syn bruorren Tsjalling en Eeltsje skreaun hat. Dat er mei syn postúm útjûne en ûnfoltôge Lexicon Frisicum (1872) oan ‘e widze stien hat fan de Fryske wurdboekskriuwerij, sil grif folle minder bekend wêze. Halbertsma wie mennist dominy, mar hy skreau oer fan alles en noch wat. Dat gie fan de Fryske tsjerke yn Rome oant Fryske en Germaanske folkloare, fan Fryske eigennammen oant âldheidkunde, en fan ‘witte wiven’ yn Oerisel oant it bûdisme.… Lês fierder

Teleks: Pieter Sijpersma waarnemend hoofdredacteur Friesch Dagblad

logo.ensafh

Pieter Sijpersma wordt de nieuwe waarnemend hoofdredacteur van het Friesch Dagblad, een uitgave van NDC. Sijpersma neemt de taken over van Hildebrand Bijleveld. Bijleveld kwam kort na zijn aanstelling in aanvaring met de redactie van het Friesch Dagblad. Hij bleek meer zendeling te zijn dan journalist en wilde een stevige christelijke saus over de krant gieten.

Lês fierder by LiwwaddersLês fierder