Aginda 26-01-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Bernard Smilde priis 2018

logo.ensafh

Seis jier lyn hat de Krúspunt, moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om tsjerke, de Bernard Smildepriis* ynsteld. Elk jier wurd in nij tema útsocht dêr’t it foar de wedstriid yn te stjoeren liet of fers oer gean moat.

It tema foar 2018 is ‘moarnsliet’.
De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt.

De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren of om in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.… Lês fierder

Aginda 13-01-2018: Snitser ferhalen en gedichten

logo.ensafh

Op zaterdagmiddag 13 januari organiseert Stichting FryX een culturele middag in het Dr. Wumkeshûs in Sneek. Vanaf kwart voor drie dragen diverse Sneker dichters gedichten voor en worden verhalen verteld. De middag is zowel voor bewoners als voor gasten gratis toegankelijk.

Stichting FryX stelt zich ten doel mensen met elkaar in contact te brengen via laagdrempelige culturele activiteiten op uiteenlopende plekken. Deze keer is dat dus in woonzorgcentrum Dr. Wumkeshûs. Er wordt een afwisselend programma met verzen en verhalen verzorgd door Tjeerd Ligthart, Marten de Rapper, Pepi Wadman, Sonja Fijlstra, Greet Slippens, Marten Visser, Wiebe Dooper, Ridsert Postma, Hillie van Brug en Riek Landman.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Desimber 2017

logo.ensafh

 Poëzij

Beart Oosterhaven
Koarde fan ‘e tiid
Hispel, Loenen aan de Vecht 2017
Ferkeappriis € 12,00
ISBN 9789074516266

Nije dichtbondel Koarde fan ’e tiid, Utsein gedichten steane yn dizze bondel ek liettekstoersettings fan wurk fan sokken as Willie Dixon, Leonard Cohen en Tony Joe White.

Syds Wiersma
Twintig liefdes een Saudade/Tweintich leafdes in Saudade
Frysk en Frij, Ljouwert 2017 (side útjouwer is net aktueel)
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789085660491

Deze gedichten zijn oorspronkelijk in het Nederlands ontstaan en door de dichter vertaald. De titel en het aantal van eenentwintig is een allusie op de liefdesbundel van de Chileense dichter Pablo Neruda, Veinte poemas de amor y una canción desperada (1924).… Lês fierder