Teleks: Projektlieders Fryske Akademy sizze fertrouwen yn direkteur Hanno Brand op

logo.ensafh

Alle acht projectleiders van de drie onderzoeksafdelingen geschiedenis, taal en sociale wetenschappen van de Fryske Akademy hebben het vertrouwen opgezegd in hun directeur dr Hanno Brand. De projectleiders vinden dat Brand niet boven de partijen staat, geen strategische visie ontwikkelt en discutabele financiële voorstellen entameert om een gat in de begroting te dichten. Brand heeft het personeel onlangs te kennen gegeven in het voorjaar terug te zullen treden als directeur. Hij wordt dan, net als voor zijn promotie, gewoon weer medewerker aan de Fryske Akademy.

Lês fierder by Liwwadders.   

Sjoch ek by It NijsLês fierder

Teleks: Provinsjale Steaten net iens oer kultuer nei 2018

logo.ensafh

Hoe moat it nei 2018 fierder mei de kultuer yn Fryslân? Oer dy fraach kin Provinsjale Steaten it noch net iens wurde. De opposysjepartijen wolle earst om tafel mei de kulturele sektor, sels foardat in kar makke wurdt oer hoe’t de subsydzjes nei 2018 ferdield wurde. De koälysje wol ek om tafel mei de sektor, mar wol no al wol de kritearia fêstlizze. Dat die woansdeitejûn bliken by de kommisjefergadering fan Provinsjale Steaten. Ferline wike kaam in grut tal kulturele organisaasjes mei in manifest, wêryn’t frege waard om mear ynspraak. It liket derop dat se dat yndie krije, mar de fraach is noch wannear.… Lês fierder

Teleks: Alex de Jager nije direkteur fan de Afûk

logo.ensafh

Edukatyf ynstitút Afûk yn Ljouwert hat fan 1 febrewaris ôf in nije direkteur. Dat is Alex de Jager. Hy folget Koen Eekma op. De Jager komt fan oarsprong út Fryslân, mar wurket op it stuit as direkteur eksterne betrekkingen en strategysk relaasjebehearder by Hegeskoalle Inholland yn Alkmaar.

Hy hat altyd yn it heger ûnderwiis wurke. Alex de Jager is doktorandus yn de Nederlânske taal- en letterkunde, mei taalkunde as spesjalisaasje.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Aginda 16-12-17: Skriuwersmiel fan it Skriuwersboun

logo.ensafh

Ek dit jier hâldt it Skriuwersboun foar de leden in Skriuwersmiel. En dit jier sil dat wer plakfine yn ’e Skierstins te Feanwâlden.
Dat sil heve op 16 desimber fan 17:30 oere ôf (ynrin fan 17:00 oere ôf). De jûn sil oant in oere as 21:30 duorje.

It tema is ‘Reizgjen yn jo wurk’. Hein Jaap Hilarides is krekt werom fan syn ferbliuw yn Maribor, Slovenië, dêr’t er twa moanne sitten hat foar it projekt Oare Wurden. Hy sil dêroer koart op ’e tekst. Dêrnei binne jo oan bar. Wy freegje nammentlik fan alle mei-iters om op syn heechst fiif minuten te fertellen oer hoe’t jo reizgjen yn jo wurk ferwurkje of faaks ferwurkje soenen.… Lês fierder

Teleks: Obe bliuwend poadium foar taal en literatuer

logo.ensafh

Taalbelibbingssintrum Obe is woansdeitemidje 6 desimber oerdroegen oan de Stichting Behear Provinsjale en Buma Biblioteek Fryslân.

Dêrmei is wis dat Obe ek nei 2018 in wichtich kultureel sintrum bliuwt. It gebou is no noch yn oanbou op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Yn 2018 is Obe yn gebrûk as eksposysjeromte en besikerssintrum fan Lân fan Taal. Lân fan Taal makket diel út fan Leeuwarden-Fryslân 2018.

Deputearre kultuer, taal en media Sietske Poepjes: ‘Wy binne bliid dat we in sterke partner fûn ha dy’t der foar soarget dat Obe ek yn de takomst skitterje sil op sa’n wichtich plak yn Ljouwert en Fryslân.’… Lês fierder

Teleks: Nominaasjes wedstriid ‘Fersier in fers’ bekend

logo.ensafh

Nominaasjes wedstriid Fersier in fers bekend

Sân nominaasjes meitsje kâns op in priis yn it ramt fan de wedstriid Fersier in fers, sa makke de sjuery juster bekend. Albert van der Kooij, direkteur fan Frisian Design Factory, Elmar Kuiper, byldzjend keunster en dichter, en Nina Peckelsen, yllustrator, hawwe har bûgd oer de ynstjoerings.

By de Junior-edysje fan de priisfraach binne der fiif nominaasjes: Fimke Haytema (15) út Koudum, learling fan Bogerman Koudum foar har keunstsinnige reaksje op it fers Nachtkeamer, Yaling van der Werf (15) fan Húns, learling fan Bogerman Wommels foar syn reaksje op it gedicht Paradysfûgel, Sarina Huijser (15) fan Snits en Andries Bos (14) út Boalsert, beide learling oan it Nordwin College yn Snits foar harren reaksjes op de fersen Proefrit en Syn namme foarby, en ta beslút Marijke Kuperus (13) en Janiek Kloostra (12) út Nijewier, learlingen oan it Dockinga College, foar harren reaksje op it gedicht Proefrit.… Lês fierder