Op snein 26 novimber organisearret Liet, yn gearwurking mei Jan Tekstra, in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters. Dat dogge se yn Grand Café De Friesche Club yn Ljouwert.
It skriuwen fan in goeie sjongtekst is net ienfâldich en faak in iensum proses. Om mear ynsjoch te krijen yn hoe’t dat proses wurket, keppelje wurde in tal renommearre Fryske dichters oan in pear goeie muzikanten/songwriters keppele en krije se de opdracht om yn koarte tiid mei-inoar in liet te meitsjen.
De trije groepen geane op ferskate lokaasjes mei harren opdracht oan ’e slach. De earste bliuwt in it kafee fan De Friesche Club, de twadde giet nei “De Bestemming”, in tsjalk oan de Willemskaaie, en de tredde giet oan it wurk yn boekhannel Van der Velde oan de Nijstêd.… Lês fierder