Aginda 19-11-17: Presintaasje ‘Koarde fan ‘e tiid’ fan Beart Oosterhaven

logo.ensafh

Dierbere famylje, freonen, goekunde en oare nigethawwers oan poëzij en muzyk,

Op snein 19 novimber 2017 presintearje ik myn nije dichtbondel Koarde fan ’e tiid. Behalve gedichten steane yn dy bondel liettekstoersettings fan wurk fan sokken as Willie Dixon, Leonard Cohen en Tony Joe White.

Der sit nochal wat ‘muzyk’ yn myn gedichten (en fansels ek yn ’e liettekstoersettings!), dêrom wurd ik wilens de presintaasje bystien troch de gitaristen Maaike Oosterhaven en Nathaniël van Veenen.

Ik soe it hartstikke moai fine, as jimme, mei jimme eventuele libbenspartner(s), de presintaasje fan Koarde fan ’e tiid bywenje wolle soene! Jimme binne op 19 novimber fan 15.30 – 17.00 oere fan herte wolkom yn:

Doarpshûs Yn ’e Mande
Galemawei 13
te Wjelsryp.… Lês fierder

Teleks: Oprop foar de Skriuwersarke

logo.ensafh

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter. Dy kin yn alle rêst dwaande wêze mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân.

(Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle.… Lês fierder

Teleks: Pyt van der Zeepriis foar Berneiepenloftspul

logo.ensafh

Ien kear yn de trije jier wurdt de Pyt van der Zeepriis útrikt oan in persoan of organisaasje dy’t yn de ôrûne trije jier fan bûtengewoane betsjutting west hat foar it amateurtoaniel yn Fryslân. Wat is it dan prachtich dat de sjeury it Berneiepenloftspul yn 2017 dy priis takend hat. Yn it sjueryrapport waard benammen yngien op de ûntwikkeling dy’t de jonge spilers trochmeitsje yn de perioade nei de foarstellings ta. It ferskil mei oare iepenloftdpullen is dat dy alle jierren weromfalle kinne op in meast fêste en talintearre spilersploech, mar dat jildt net foar BIS.

Lês fierder by It Fryske BerneboekLês fierder

Aginda 24-11-17: Bekendmakking Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Mar leafst 36 dichters hawwe sollisitearre nei de funksje fan Dichter fan Fryslân. De sjuery hat út alle ynstjoerings in foarseleksje makke fan trije kandidaten. Op 24 novimber 2017 om 16:00 oere makket deputearre fan kultuer Sietske Poepjes yn de Herman Gorterkerk oan de Raadhuisstraat 27 yn Balk bekend wa’t de earste Dichter fan Fryslân wurde sil. Jo binne hjirby fan herte útnoege, de tagong is fergees. Graach hearre wy fan jo oft jo by de bekendmakking oanwêzich wêze wolle, opjefte fia ynfo@dichterfanfryslan.nl.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Aginda 09-11-17: Premjêre “Yn dit lânskip leit myn libben”

logo.ensafh

Tresoar en Noordelijk Film Festival nûgje dy graach út foar de premjêre fan de dokumintêre “Yn dit lânskip leit myn libben”, in film oer de hjoeddeiske en eardere makkers fan de Fryske literatuer.

Mei de Fryske taal as ark, wurken de Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma op in idyllyske lokaasje oan in brief oer harren persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer.
Huub Mous, keunsthistoarikus, en kenner en kritikus fan kultureel Fryslân, pleatst
de Fryske literatuer yn in Europeesk perspektyf.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder