Teleks: Poëzy hat Balk yn ‘e besnijing

logo.ensafh

Balk makket him op foar de beneaming fan de ‘Dichter fan Fryslân’. Kunstkring Gaasterland hat dêrom gedichten ophongen oan de lantearnepeallen yn it doarp. Yn gearwurking mei Gysbert Japicxpriis-winner Eppie Dam binne sechstjin Fryske gedichten útsocht. Op 24 novimber sil deputearre Sietske Poepjes de ‘Dichter fan Fryslân’ bekendmeitsje, dy krijt dy titel foar twa jier. De gedichten bliuwe oant de ein fan it jier hingjen.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Aginda 12-11-17: Literatuer en muzyk op sneintemiddei

logo.ensafh

Literatuer en muzyk op sneintemiddei

12 novimber 2017

Skierstins Feanwâlden

Ale S. van Zandbergen lêst foar út syn nijste roman ‘famke famke’en Willem Verf út syn lêste roman ‘It sinfol bestean’. Tuskentroch muzyk fan Jaap Louwes.

Seal iepen: 15.15 oere

Start programma 15.30 oere

Tagong: € 5

Moetsje skriuwers en sjonger! Dizze middei wurdt mei mooglik makke troch stipe fan “Boeken fan Fryslân”

Boarne: SirkwyLês fierder

Aginda 02-11-17: Untdek de Fryske literatuer

logo.ensafh

Bestiet der Fryske literatuer? Giet dy oer boeren, trekkers en kij? De lêzing dy’t Meindert Reitsma op 2 novimber yn Tresoar jout, bringt de harkers dêr op in leechdrompelige manier mei yn ’e kunde. Se ûntdekke wa’t de belangrykste skriuwers fan dit momint binne, hearre mear oer de aktuele wearde fan Fryske boeken en ûnderfine wat de sizzingskrêft fan literatuer yn ’t Frysk wêze kin. Se stappe de wrâld yn fan de Fryske literatuer, in wrâld dy’t faaks fier fuort liket, mar eins hiel tichtby is.​

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Aginda 05-11-17: ‘De lange reis naar Berlijn’ fan Bennie Huisman

logo.ensafh

Zo. 5 nov. 15.00 u. -´De lange reis naar Berlijn´

Bennie Huisman

Literair-muzikale voorstelling van Bennie Huisman

De Lange Reis naar Berlijn Berlijn is tegenwoordig misschien wel de meest populaire stad voor toeristen van Europa. Een moderne stad met vrachten vol historie: Tweede Wereldoorlog, Koude Oorlog en de Val van de Muur. Bennie Huisman (1947) bezocht de stad meerdere malen te fiets of te voet en schreef er het verhalenboek met CD ‘Naar Berlijn/Nei Berlyn’ over.

In de Schierstins zingt hij over Berlijn met eigen en historische liederen. Bennie Huisman is zanger – van kleinkunst tot klassiek – verhalenverteller & schrijver.… Lês fierder

Teleks: Aksjeboek De huodsjes fan Mata Hari

logo.ensafh

It is noch Berneboeketiid yn Fryslân. Oan 31 oktober ta is it Aksjeboek foar Bern, De huodsjes fan Mata Hari, noch te keap yn de Fryske boekhannels foar mar
€ 4,95. Dêrnei kostet it prachtige lês- en sjochboek, skreaun troch Lida Dykstra mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert, € 14,95. Tiid foar in hjerstfakânsje-útstapke nei de boekhannel!

Lês fierder by It Fryske BerneboekLês fierder

Aginda 27-10-17: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Friesch Dagblad oer Fryske oersetting Boekewikegeskink

logo.ensafh

Gebrek aan literair zelfvertrouwen

Als Culturele Hoofdstad 2018 presenteert Fryslân volgend jaar een vertaald boekenweekgeschenk van een Vlaamse schrijfster. Het moet een Friestalig cadeau worden voor de honderdduizenden die de provincie dan binnenstromen. Zo kunnen ze kennismaken met de Friese taal, is het idee. Griet Op de Beeck schrijft het nationale boekenweekgeschenk Gezien de feiten. Dat wordt straks Mei it each op de feiten. Directeur Ad Peek van boekhandel Van der Velde in Leeuwarden juicht de Friese vertaling toe; die zou kunnen meeliften op landelijk succes. De Friese vertaling zou ook in populaire talkshows kunnen komen. De keuze van Fryslân wordt dus bepaald door trends in de Nederlandstalige literatuur en de hoop om publicitair aan de weg te timmeren in een populair tv-programma.… Lês fierder