Teleks: De Fryske Marren ropt Fryske kultuerpriis yn it libben

logo.ensafh

Yn de gemeente De Fryske Marren wurdt tenei in Fryske kultuerpriis útrikt. Ferieningen, organisaasjes en ynwenners dy’t harren ynsette foar in kulturele aktiviteit yn it Frysk, meitsje kâns op de priis. De priis bestiet út in sjek fan 750 euro en sil alle jierren útrikt wurde. Gadingmakkers kinne harren oant 1 desimber oanmelde.

Mei de priis wol de gemeente gebrûk fan it Frysk stimulearje. 70 oant 80 persint fan de ynwenners fan De Fryske Marren praat Frysk en 80 oant 90 persint ferstiet it ek.

No noch namleas

De nije priis hat noch gjin offisjele namme. Ideeën foar in namme binne wolkom en kinne ek foar 1 desimber oan de gemeente trochjûn wurde.… Lês fierder

Teleks: Nederlânsk Boekewikegeskink foar it earst ek yn it Frysk

logo.ensafh

It Boekewikegeskink ferskynt takom jier foar it earst ek yn it Frysk. Mei it each op de feiten is de titel fan de Fryske ferzje fan Gezien de feiten fan de Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck. Oanlieding foar it inisjatyf is dat Ljouwert/Fryslân takom jier Kulturele Haadstêd fan Europa is. Op de Beeck is der wiis mei: “Mei in mins al it Boekewikegeskink foar har rekken nimme, komt der ek noch in oersetting by.” Jetske Bilker sil it boek yn it Frysk oersette.

De kommissaris fan de kening, Arno Brok, is út ’e skroeven: “Wa’t net Frysk is, soe de Fryske ferzje ek lêze moatte wolle.… Lês fierder

Aginda 29-10-17: Skilderijen en poëzy fan Sipke de Schiffart yn Tsjerkwert

logo.ensafh

Skilderijen en poëzy fan Sipke de Schiffart yn Tsjerkwert

Yn Atelier Gerrit Wijngaarden yn Tsjerkwert is de kommende wykeinen in eksposysje te sjen fan skilderijen fan Sipke de Schiffart en fan wurk fan oaren dat mei him te krijen hat, lykas portretten.

As iepening fan de útstalling en ta gelegenheid fan Sipke de Schiffart syn koartlyn ferskynde dichtbondel Oan dy tinke wurdt sneintemiddei 29 oktober de middeis om 15.00 oere yn it doarpshûs it ‘Waltahûs’ yn Tsjerkwert in literêre middei hâlden.

Optredende dichters nêst Sipke de Schiffart: Jetske Bilker, Piter Boersma, Pier Boorsma, Tsjisse Hettema, Jouke Hylkema, André Looijenga, Jantsje Post, Martin Sijbesma, Janneke Spoelstra en Cornelis van der Wal.… Lês fierder

Teleks: Baskyske skriuwer yn Ljouwert foar ynspiraasje

logo.ensafh

Yn it ramt fan it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden is de Baskyske skriuwer en oersetter Eneko Aizpurua Urteaga te gast yn Ljouwert. Hy skriuwt misdiedromans en wurket as oersetter oan de universiteit fan Navarra. Eneko sil hjir acht wiken wenje en wurkje oan syn nije roman. 

Eneko Aizpurua Urteaga (1976), publisearre oant no ta trije misdiedromans: Lehertu da festa (2016), Herensuge gorriaren urtea (2013) en Errauts (2011). Yn 2017 publisearre hy Europar mezularia, de Baskyske oersetting fan in essay fan de Eastenrykske skriuwer Robert Menasse: Der Europäische Landbote.

Yn Fryslân wol Eneko yn kontakt komme mei skriuwers en muzikanten en mear te witten komme oer de Fryske kultuer.… Lês fierder

Aginda 04-11-17 o/m 25-11-17: Gleon yn ‘e keet

logo.ensafh

Utjouwerij Regaad organisearret fan ’t hjerst “Gleon yn ’e keet”: in toer by Fryske kroegen en doarpshuzen del, mei skunnige ferhalen en readewankjemuzyk. Yn de donkere dagen lûkt masterferteller Douwe Kootstra alle registers iepen mei al it ûnfoege folksferhalemateriaal dat jo noait lêze of hearre mochten. Folkssanger Sytse Sneekweek soarget dêrby foar in fijn stikje Sneker shockpop. Neitiid kinne de wankjes noch moai wat neigloeie mei it harkjen nei de lekkerste singeltsjes út it Nederlânsktalige ‘schuine’ genre.

De toer ”Gleon yn ’e keet” hat oant no ta de folgjende plakken op it programma: Terwispel (Spaltenbrêge, sneon 4/11), Boazum (Boazumer Mjitte, freed 10/11), Burgum (Kiehool, sneon 11/11), Grins (Bernlef, freed 24/11) en Drachten (Marktzicht, sneon 25/11).… Lês fierder