Teleks: White Ravens foar Lida Dykstra en Hanneke de Jong

logo.ensafh

De White Ravens binne oanbefellings fan de Internationale Jugendbibliothek yn München foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Yn de katalogus fan dit jier binne mear as 200 titels opnaam yn mear as fjirtich talen út sechstich lannen. Meielkoar hawwe njoggen Nederlânkstalige boeken en ien Frysktalig boek in White Raven krigen. De ring van koning Salomo (oer in weesjonge dy’t it mystearje oplost oer de ring fan de kening) fan Lida Dykstra út De Knipe en Wês net bang, mar wol foarsichtich (oer de flecht fan Lilan út Syrië) fan Hanneke de Jong út Frjentsjer, steane ûnder oaren op de list.… Lês fierder

Aginda 19-10-17: de Moanne Live – in Wat-jo-wolle-dichtjûn GIET NET TROCH

logo.ensafh

‘Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn! De akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Harren grutste prestaasje is jimme ferdivedaasje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

Nei oanlieding fan dizze nije Tryaterfoarstelling ‘Wat jo wolle’ hawwe Arjan Hut, Grytsje Schaaf, Syds Wiersma en Anne Feddema, yn opdracht fan ‘de Moanne’ en Tryater, neitocht oer hoe’t se it publyk belûke kinne by harren optreden. Dat wolle se graach útprebearje op de ‘Wat-jo-wolle-dichtjûn’!… Lês fierder

Teleks: Beswier Sis Tsiis tsjin provinsje net ûntfanklik ferklearre

logo.ensafh

De beswierskriftekommisje hat tongersdei it beswier dat aksjegroep Sis Tsiis tsjin de provinsje Fryslân yntsjinne hie, ôfwiisd. Sis Tsiis is it der net mei iens dat skoallen frijsteld wurde om les te jaan yn it fak Frysk, dat in ferplicht fak is. Sis Tsiis fynt dat it krijen fan ûnderwiis yn de memmetaal in minskerjocht is.

De kommisje hat it beswier net ûntfanklik ferklearre om’t it in beliedsmaatregel is en dy kinne net op dizze wize oanfjochten wurde. Boppedat kaam it beswier neffens de kommisje te let binnen. It beswiertermyn is seis wike, wylst de beliedsmaatregel al fan 2015 is.

Sis Tsiis jout him der net by del en giet op 19 oktober yn petear mei deputearre Sietske Poepjes.… Lês fierder

Aginda 14-10-17: Utrikking Gysbert Japicxpriis

logo.ensafh

Sneon 14 oktober is it safier, dan wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân útrikt, de bjusterbaarlike Gysbert Japicxpriis. Dan krijt Eppie Dam út hannen fan deputearre Sietske Poepjes de priis foar syn dichtbondel Fallend ljocht. Hy ûntfangt in bedrach fan € 10.000. Sjoch hjirûnder foar de útnûging foar dizze middei. Elk is fan herten wolkom.

Lês fierder by Sirkwy

 … Lês fierder

Aginda 05-11-17: Petear mei Riek Landman

logo.ensafh

In gesprek met…Riek Landman

Stichting FryX presenteert een gevarieerd programma rondom Riek Landman, schrijfster en ooit mede-oprichter van en actrice bij Tryater.
Zij schreef onder meer een serie misdaadromans rondom de politievrouwen Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra. Daarnaast schreef ze psychologische romans en tal van toneelstukken.
Het is alweer even geleden dat haar laatste boek verscheen, maar Riek Landman zit nog vol mooie verhalen.

Amieke de Rapper gaat met haar in gesprek over haar veelbewogen leven.

Aan het programma werken verder mee de Sneker dichters Hillie van Brug en Marten Visser. Dicky Riemersma verzorgt de muzikale begeleiding.

Zondag 5 november, 16 uur
(zaal open om 15.30 uur)

Stadsherberg Sneek, Lemmerweg 8, Sneek

Kaarten á € 3,50 (incl.… Lês fierder